25 september 2006
Leeuwarder Courant op het web
Piter Wilkens sjongt
Vreeswijk yn it FryskPlak: Kleasterkapel, Sybrandahûs. Foarstelling: Fuorpriuwke fan teatertoer ‘It fûgeltsje in myn gitaar’. Spilers: Piter Wilkens tegearre mei Sytse Wilkens en Rik Mijer. Belangstelling: útferkocht, 150 persoanen.
SYBRANDAHÛS - Yn it útferkochte Kleasterkapel hie it publyk sneintemiddei de primeur fan in oantal nije ferskes fan Piter Wilkens. It wie in fuopriuwke fan de premiêre dy 't op 14 oktober yn Kollum plak fine sil. Ûnder de namme ‘It fûgeltsje yn myn gitaar’ sil er, tegearre mei syn broer Sytse op 'e kontrabas en gitarist Rick Mijer, in muzikale teatertoer fersorgje met nûmers fan Cornelis Vreeswijk. Yn Sybrandahûs wie te fernimmen dat er der klear foar is.
Wilkens begun de middei allinnich op gitaar en song in stikmennich fan syn klassikers. It publyk, dèr 't gâns fêste fans tusken sieten, kaam sadwaande al gau yn de stimming. Nei it skoft soe er tegearre mei dei oare manlju it Vreeswijk-repertoire útprobearje en dèr wie it allegearre om te dwaan fansels.
Wilkens hat al jierrenlang in fassinaasje foar Cornelis Vreeswijk. Dizze Nederlânske lietsjeskriuwer dy 't nei Sweden emigrearre, waard in de jierren santich bekend mei syn maatskippijkrityske folksongs. Noch hieltyd wurde syn ferskes troch ferskate sjongers fertolke en Wilkens gie de útdaging oan om dat ris yn it Frysk te besykjen.
Dat is him nei myn miening tigge goed slagge. Hy liet dúdlik blike dat it net syn doel wie om de orizjinele teksten letterlik te fertalen, mar dat it him om de strekking fan it ferhaal gong. Sa song hy ek it ferske ‘De Leeuwarders blues’ dat tekstueel wilhoefolle afwykt fan it Sweedske orizjineel, mar dat wol hielendal past yn de sfear fan Wïlkens syn eigen styl. Nei in pear refreintsjes waard it al meisongen troch it publyk.
Wilkens hat him de ferskes fan Vreeswijk sawol tekstueel as muzikaal besjoen hielendal eigen makke en wa 't net better wit, soe tinke kinne dat it ferskes fan Wilkens sels binne. De droege humor fan Vreeswijk leit dan ek net sa fier ôf fan dy fan Wilkens. En it foel my op dat ien fan de nije nûmers kwa melody en sfear tige like op Wilkens eige númer ‘Dûnsje mei dy’. lt is my no wol dúdlik wér 't Wilkens, alteast foar in part, syn ynspiraasje weihellet.CORIEN STEENSTRA