Jiergong 5, Numer 5, JUNY 2006
De Moanne op internet
BOUKE VAN DER HEM
Meindert Talma
makket fonetyske foto'sUnder it petear soenen syn earms halt ûngemurken oardel oere lang Meike widzje, dochter fan inkele moannen âld. Har komst ha[ in foarname reden west om ergens netsjes te setteljen. Dat hat yn it neat-mis-mei-doarp Zuidhorn syn beslach krigen. Foar't we ús by him yn 'e hûs ta praten setten, gongen we earst even nei bûten ta. Op it kampke lân achter de huzen hâldt fee it gers koart. Dêr wer achter rint it spoar Ljouwert - Grins; it steurt net, liket suver foar ritme te soargjen. It kin halt net oars of hy sil syn eigen wensituaasje ris mei droege humor beskriuwe, sa't er by in optreden in grappich ferhaal lol irony foarlies oer syn Grinzer skoanfamylje. Mei tagelyk wat fan achteleaze grutskens lit er my it studiootsje sjen dat er yn it túnhokje hat. Syn lang stal falt dêr ekstra op, lykas even letter wannear't it famke yn syn grutte hannen koest.
PLANNEN BY 'T SOAD
`Ik ha as skriuwer en muzikant no wol de doelstelling om derfan te bestean, de helte fan de hypoteek en kosten fan it bern op te bringen. Mar ik sil der dêrom net oars om skriuwe of spylje. Ik moat der net oan tinke dat ik dêrmei ophâlde moatte soe. In kantoarbaan kin ik net oan. No't ik op ferskillende flakken aktyf bin, wurdt neat folslein rûtine en hâld ik oeral myn ynteresse, dat is belangryk yn dit wurk. Der steane ek ferskate nije projekten oan te kommen, dat ik kin wol even foarút. Sa bin ik dwaande mei in senario foar in spylfilm en dêr moat sa ûngefear alles wat ik doch by mekoar komme; ik fyn film in machtich moai medium. Bob Visser sil foar produksje en rezjy soargje. De film sil ek droegen vuurde troch gewoane, echte minsken dy't harsels spylje; dat is ek al sa yn myn filmyske kollums dy't ik mei Herman Zeilstra út Tsjom foar omrop Llink makke. Fierders wol ik mei in nij boek komme, yn de rige Fryske Modernen. Myn bedoeling is dat it mear body krijt as it foarige: net wer sa fragmintarysk en semy-autobiografysk, sis mar dat der no echt in plot yn komt. En wat heel spannend wurdt, is dat ik troch it Grinzer Noorderzon-festival frege bin om foar yn it opfallende Wallhouse fan arsjitekt Hejduk in allyk sa opfallende muzykfoarstelling te meitsjen, yn it Ingels. De foarstelling sil Tamangoe hjitte en giet oer de lêste dei en nacht fan The Tourist dy't yn Hotel Wallhouse him mei pillen en drank dea sûpt, omdat er de dea fan syn grutte leafde Jacky Hall net ferwurkje kin. Ik ha al hielendal yn 'e kop hoe't it wurdt en it sil der dus oars om en ta gean as wat ik earder makke. Yn myn boeken en yn de muzykteaterfoarstelling Iemand moet het doen dy't wy no spylje, draait it noch faak om in doarp, in puber dy't dêr wrakselt mei religy, erotyk, dy't bygelyks ôfwiisd wurdt troch in famke en dan is 't de fraach oft er dat pikt. En altyd mear sfearysk as in konsekwinte ferhaalline. Ik ha wol wat mei in opbou dy't sa ferrint: fan fleurich nei donker, frij dramatysk, en dat it dan dochs wer wat ljocht wurdt, sis mar: de oerrin fan dei en nacht.'
YN OF ÚT IT HOKJE
It optreden yn de Melkweg, hertsje Amsterdam, is de koarte kant neist en foar it grutste part net te ferstean. It publyk hat altyd noch it skerm mei de fideobylden fan syn Dútse maat en mediakeunstner Jan Klug ta syn foldwaan, dat wurket benammen goed by it rûge nûmer oer de ôfrekken mei het meisje van de slager dat teveel wist (in smoarch kerwei, mar `iemand moet het doen'). En by ien fan de twa Frysktalige nûmers Datst du net mear bestiest. ‘Want ik ha in soad te bepraten / 4 jier haw ik op dy wachte / mar ik krige taal noch teken / ik ha sa faak oan dy tocht / faker as Jezus oan syn skiep / sa faak dat it sear die en ik woe datst dû net mear bestiest / (...) / hoewolst dû net mear mei my pratest west dû foar my in ljocht sûnder skaad / dû hast dyn skuld noait bleatlein / dû hast der noait in word oer sein’. Mar goed dat ik sok moais letter op syn website neilêze koe. Myn kammeraat, dy't gâns better thús is yn it wrâldsje fan muzyk en fan ‘dû’ en ‘saterdy’, kin it lykwols onder it konsert ek net neikomme. Mar de band is neffens him wol okee. Dêrnei komt in 8-mans formaasje, de Kift, dy't yn de programmabeskriuwing rekkene wordt ta deselde nije streaming, nammentlik De Nederlandse Impressionisten. De Impressionisten lûke yn wikseljende kombinaasjes troch it lân. ‘Hoe regionaler hoe universeler. Steeds meer bands en artiesten in Nederland laten zich beïnvloeden door hun eigen taal en culturele achtergrond en verwerken dit in hoogst actuele muziek. Het uitgangspunt is de particuliere beschrijving van het leven van alledag, in de taal die je het gemakkelijkst in de mond ligt. Spinvis is wellicht de meest succesvolle, maar in zijn kielzog varen de Kift, Meindert Talmd etc.
Louloene, ik lit my yn Amsterdam net fan alles wiismeitsje: Talma past it korset fan sa'n sabeare nije streaming net, ús Meindert beskreau op syn wâldsjers altyd al it gewoane libben. Wat dat oangiet wie er in kloon fan streekgenoat Rink van der Velde. It draaide by him altyd al om de ekspressy fan persoanlike oprispingen of wederwaardichheden fan bysûndere figueren, teksten mei in heech anekdoatysk gehalte en in losse struktuer. Fierders gjin direkte ferbining lizzend mei grutte gedachten, lit stean teoryen; maatskiplike fraachstikken wurde net oansnijd. En krekt no't it âlde foefke as nije neamer presintearre wordt, is hy dwaande om wat sjenre, tematyk en taal betreft just faker út it bekende rûntsje te stappen, oare keunstkes te learen. It docht jin bygelyks útsjen nei syn nij boek.
Hawar, yn it episintrum fan kultureel Nederlân hâlde wy de Kift al gau foar besjoen, nei de droktemakkerij om neat fan de sjongers en it gesketter fan de blazers.
FONETYSKE FOTO'S
`Dat ik teksten en fral ferskes faak yn de ik-persoan skriuw wol net sizze dat it allegear autobiografysk is; it wordt der foar myn gefoel direkter fan, it emosjoneart mear. De hy-foarm wordt sa gau beskôgjend, mar biedt wol wen mear mooglikheden om ferskillende perspektiven te sketsen, belangriker foar in boek as in ferske. Ik hâld fan fitaal proaza, mannen as Céline en Bukowski. Ik brûkte sels oant no ta graach mytyske figueren út myn eigen jeugd. Ik moat foar reaksje op myn werk lyksinnigen yn 'e buert ha en dy binne yn 'e stêd wat rommer te finen. De onderwerpen sille faak yn it ferline, mar lykwols tichtby lizze, dan is der op wat ôfstân better oer te skriuwen; op it doarp sels sjonge je it as gewoan. Ik skriuw frij assosjatyf en soms direkt, iepenhertich oer persoanen dy't noch libje. Immen sei ris fan myn wurk dat it krekt fonetyske foto's lykje: in minimale beskriuwing fan wat om my hinne gebeurt en wat ik fiel, dingen beneamd sa't se binne sûnder poeha-ferpakking. Yn it begjin haw ik wol sjêne field. Us heit lies myn kollums yn 'e Ljouwerter foar oan mem, dy wie skitende benaud wat deryn stean soe. Ik hâld der wat rekken mei, mar wat ik skriuwe wól dat doch ik, dan hat ús heit in pear minne dagen.' "We maken ons zorgen om jou,' zegt mem, `en hoe je toekomst eruit zal zien.'
‘Ja,’ zegt heit, ‘het is nu anderhalf jaar geleden dat je bent afgestudeerd en dat het na de studie moeilijk zou worden om passend werk te vinden, hadden we wel verwacht. Daarover geen misverstanden! Echter... de laatste tijd wek je bij ons regelmatig de indruk dat je zo ook wel tevreden bent met je huidige bestaan.’ Ik wil wat terugzeggen, maar weet niet wat.
'Je hebt je draai nu aardig gevonden in je contacten en bezigheden met De figuranten en De Hobbyrockers, komt ons zo voor. Op zich is er natuurlijk niks op tegen om met andere jonge mensen creatief bezig te zijn en muziek te maken, maar het leven is meer dan dat alleen. De drang om een passende plek in de maatschappij te zoeken en te vinden kan gemakkelijk op de achtergrond komen als alle aandacht op de huidige bezigheden is gericht. Je weet wat we vinden van de single die je gemaakt hebt. Je zegt zelf dat je geen bedoeling had om het geloof te bekritiseren in het nummer "20 jaar Muzikale Fruitmand", maar door de manier waarop je het zingt, en hoe je tegen ons over het geloof praat, moeten wij hier toch aan twijfelen.'
Beneden hoor ik de stem van Hobbe.
'Meindert, telefoon voor jou!'
Ik wil naar beneden, maar heit en mem staan mij dit niet toe.'
(fragmint út roman (2003) Kriebelvisje)
UNFERSTEURBER
By ien fan syn fêste optredens yn it Grinzer kultureel studintesintrum sjongt er under eigen solobegelieding it gedicht De deaden prate net mear mei my fan Tsead Bruinja: ‘(...) ik leau yn ús taal / en dat dy feroarje moat / yn de minsken dy't it tsjinhâlde / en de minsken dy't it neat skille kin // myn Frysk is net geef / mar it is de taal dêr't dit yn gebeurde'.
Gedicht en fertolking fersterkje inoar; op toetsen is er in master yn útspûne nûmers, wylst soks ornaris ferfeelsum nei in útsteld hichtepunt tawurket, is it by him ien oanhâldend genot.
Der moat dizze jûn wol opbokst wurde tsjin de hyperaktive Bart FM Droog, de presintator dy't fragen stelt, mar net harket nei de antwurden. Talma docht ûnfersteurber syn ding, lêst noch in hilarysk ferhaal foar, en gastdichter Elmar Kuiper bliuwt ek oerein, mar guon oaren litte har dertroch ûntregelje.
SPLENDID ISOLATION
`Foarlêze of by in band sjonge, it liket miskien net te passen by ferlegen minsken. Want dat bin ik, ik ha fan natuere in oantrún noadich om de stap nei bûten te setten. Noait in wûnder fan kommunikaasje west; in lang liif en stotterjend, út in religieuze húshâlding, fan it Fean, diploma Kerkorgel A en B helle. Mar ik bin der aardich oerhinne groeid. En my deroerhinne wurde. Oan ‘normaal’ wurk hie ik net safolle sin. Skriuwe die 'k wol altyd mei nocht en ik hie ynteresse yn film, boeken en soks. Fanóf dat ik Nyk de Vries tsjinkaam bepraten we alle wiken ús koarte ferhaaltsjes. Wy ynspirearren mekoar en dat is sa bleaun, wy sitte ek al heel lang yn deselde band. Yn de tiid fan ús earste moeting spile hy al en sa rekke ik ek oan 'e muzyk. We begûnen in tydskrift, letter de Blauwe Fedde. Alles tafallich ûntstien, mar as it appelleart oan wat je yn je hawwe en graach wolle, dan ûntwikkelt it him fierder en warde je altyd wer frege. En dan binne de skriuwerij en de muzyk wol ideale poadia. No bin ik wer frege foar in filmsenario. Dat is it libben: it tafal en de drive.
Ik lykje oars as ik op it poadium stean frij stoisynsk. Optrede is ek in twadde natuer worden, hoewol't der noch altyd wol in soad stof by frij komt. Ik meitsje ek net alles mei wat der om my hinne gebeurt, stean en sjoch wat fansiden, wol yn myn muzyk komme en net yn 'e minsken. In sekere rûtine haw ik nei fiif jier ek by myn wyklikse kollum foar de Ljouwerter, mar je bliuwe der altyd mei dwaande. Nee, se ha my net frege om it yn it Frysk te dwaan. Frysk is foar my de primêre taal, seker as it om emoasjes giet. En it idioom is moai, it lient him goed foar humor; fan de Blauwe Fedde-petearen soe yn fertaling neat oerbliuwe. Myn earste boek hie kwa tematyk better yn it Frysk kind, mar ik fielde my der doe ûnsekerder yn.
It gebrûk fan ús taal kachelt spitigernôch wol hurd achterut. Der soe op de basisskoallen mear oan dien warde moatte. De skaal is ek wat lyts, it plattelân wat behâldend, dus geane minsken dy't fol plannen sitte al gau nei bûten Fryslán. Ik tink wolris dat it bêste wêze soe: Fryslân as eilân, of in sterke frijheidsdrang, in bytsje as Yslân of Baskelân, mar ja, toe mar...'
BY MJITLATTE LÂNS
Meindert Talma waard berne yn it turbulinte jier 1968 en dêr sil it wat syn bining mei revolúsjes betreft wol by bliuwe. Hite issues lykje mei in bôge om him hinne te lûken, wilens docht er syn dingen nei't it him ynfalt. It komt der bygelyks op del dat it in yn en yn blánk barren is, net as syn polityk statement, oe heden nee, earder is it gewoan in ôfspegeling fan wêr't no ienkear jins roots en ynspiraasje lizze en fan it publyk dat dêr dan wer op ôfkomt. Om soks mei in knypeach ta te jaan is de namme The Negroes foar de band wol moai keazen, en dy kar foel al yn de tiid dat uterste korrektheid eins noch de noarm wie. Yn Amsterdam haw ik ek selden in witer publyk te sjen krigen as by de Impressionisten; nettsjinsteande de universele ambysjes ut it program. By al syn stribjen nei trochgeande ontwikkeling fan syn wurk sil de a-politike ûndertoan net sa gau sneuvelje, is myn ferwachting.
Yn 't foar wie ik benijd of datjinge wat him by in relatyf grut publyk populêr makker, ek net foar in part berêst op platte poaze of publisitêre geilens. Of dat syn autentisiteit en ûnôfhinklikens lije onder de omstannichheid dat er fan alles oannimme moat. Flauwekul! Ek yn dit sjapiter is er neffens my ûnfersteurber, folget er syn eigenste ideeën. En dat trochset oant op persoanlik mêd of mei kommersjele neidielen. Grifformearde ôfkomst respekteare, mar wêr't it moat doare te begekjen, flokke yn in ferske, neisten yn hear en fear úttekenje. Debat direkt yn it Hollâns, mar om't dat net goed oanfielt foar it bettere wurk weromskeakelje nei it Frysk; op it Leidseplein foar de Fryske ferzy fan in song kieze. Of risiko rinne mei nije kreative projekten, krekt ekstra fanwegen de Ingelse taal. En neat mis mei dy geilens: oars as by de measten docht syn yndied opfallend ûntwikkele gefoel foar PR evensagoed syn autentisiteit of ûnôflhinklikens gjin ûnderstek. En fan optwingerichheid neat fernommen. Om dit praatsje fluch even boargerlik ôf te konkludearjen: Meindert doocht.
Wannear't it petear by him thús klear is, Meike wekker makke en wy noch wat data fan syn optredens útwikselje, biedt er my freonlik oan dat ik wol in kear mei de band meiride kin. Mar nee, ik bliuw graach wat frij. Letter tink ik: oerdreaun dat ik dêr net op yngong! En stom: it hie my ommers de káns jun om ris fan tichtby it artystelibbentsje te ûndergean fan, toe mar: seks, drugs en rock & roll. Mar faaks soe er dat lêste beäntwurde ha mei: `Feroarje dy drugs mar yn drank, want drugsmannen ha we der net echt by sitten.'
9 juny - HAARLEM - Patronaat
De Nederlandse Impressionisten, met Meindert Talma & the Negroes ("Iemand moet het doen"), De Kift en D'r Sjaak.
www.patronaat.nl
www.dekift.nl
22/25 augustus - GRONINGEN - Noorderzon
Tamango, muziek/filmvoorstelling van Meindert Talma en Jan Klug. Wall House.
www.noorderzon.nl
www.wallhouse.nl
23 september - ENSCHEDE - Rockarty-festivali
O.a. Meindert Talma & the Negroes (°Iemand moet het doen").
www.rockarty. nl
14 oktober - DRACHTEN - De Lawei
Meindert Talma & the Negroes ("Iemand moet het doen").
www.lawei.nl
19 november - GRONINGEN - Het Kruithuis
Meindert Talma & the Negroes ("Iemand moet het doen").
www.stadsschouwburg-groningen.nl
23 november - LEEUWARDEN - De Harmonie
Meindert Talma & the Negroes ("Iemand moet het doen").
www.harmonie.nl
25 november - ZWOLLE - Papenstraattheater
Meindert Talma (solo).
www.schouwburg-odeon.nl
24 december - GRONINGEN - Vera
Meindert Talma & the Negroes. Kerstavond. Grote Zaal.
www.vera-groningen.nl