Fiifde jiergong Numer 4 MAAIE 2006
De Moanne op internet
MARITA DE JONG
Nije cd fan Douwe Heeringa is op kommendewei:
No kin ik in sjanson delsette
Douwe Heeringa (1964) is sjonger en programmamakker. Hy is hikke en tein yn Ljouwert en wennet sûnt 2000 yn Mantgum. Yn 1990 ferskynde syn cd mei lieten fan Jacques Brel yn it Frysk, 16 jier letter komt der op 'e nij in cd út mei lieten fan dy sjansonnier. Net allinnich yn de Fryske taal, mar ek yn it Nederlânsk en it Frânsk. 'Want', sa stelt Heeringa, 'ik bin noch lang net útbreld'.
`Yn 1990 kaam myn earste Brel-cd ut. It wie in grut sukses. Ik joech konserten oan yn België ta. Myn earste live-optreden wie foar de BRT. Se fûnen it dêr hiel gewoan dat ik Brel yn it Frysk song. Wol bysûnder, mar foar harren wie it fanselssprekkend dat Brel oeral songen waard. Belgen binne net sa puristysk. It wurk fan Brei meist bêst wat mei dwaan, it is net hillich. Brel hat dat sels ek wolris sein: eltsenien mei myn wurk sjonge. Fansels geane der dan ek wol minsken mei oan 'e haal. Guon hear ik leaver net. Julio Iglesias hat bygelyks 'Le chanson des vieux amants' songen. Dat wie ien grut orgasme, echt oer de top.
Ik koe hiel lang tarre op it sukses en ha der echt de fruchten fan plukt. In optreden foar prinses Christina, foar it kabinet, ik ha yn Carré stien en wie te gast by Sonja op zondag. Der seagen doe in pear miljoen minsken nei, der wiene noch gjin 30 netten. Dêrnei ha ik in kwalitatyf goed Nederlânsktalich programma makke, mei teksten fan Ivo de Wijs en Willem Wilmink. Mei Ivo ha ik altyd in hiel goed kontakt hâlden. Syn frou sei tsjin my, do bist te aardich foar dit fak, te gefoelich. Ik tink dat se gelyk hie. Je krije as artyst hiel wat te ferstouwen. Oer it generaal moatst dy der op ynstelle datsto de parse in kear oer dy hinne krijst. Dat momint komt in kear, yn alle gefallen ast sukses hast.
Sa fier is it mei my net kaam. Ik waard twongen in kar te meitsjen, doe't myn muzikale begelieders opstapten. Se koenen fêst werk krije by Robert Long en Jenny Arean. Dêr ha ik in behoarlike tik fan hân. It wurk wie foar ús ien grutte boarterstún, we giene troch sa langt we der nocht oan hiene. Efterôf begryp ik it wol. Ik koe se gjin fêstichheid jaan, hie net genôch optredens. Hubert Heeringa spilet trouwens wol veer mei op myn nije cd. En Syp Dijkstra fan de Hitfabryk produsearret de cd. Hy spile drums op de earste Brel-cd. Ik bin net ferbittere en ha de tiid naam om goed nei mysels te sjen. Ik kaam ta de konklúzje dat ik dy enoarme 'drive' om op in poadium te stean net ha. Dêrneist is in artyst allinnich mar mei himsels dwaande. Ik ha it om my hinne sjoen, je binne in produkt dat oan de man brocht warde moat. Of je geane oer liken of je geane der ûndertroch. In tuskenwei is der hast net. Minsken ha ek allegear in oardiel oer je. Ik sil nei alle gedachten wol foar ivich it jonkje bliuwe dat Brei yn it Frysk songen hat. No, dat moat dan mar. Ik skamje my der yn alle gafallen net foar. As ik net twongen wie om oer myn takomst nei te tinken, wie ik miskien wol trochgien. Al mei al wie it in drege perioade.
Op it stuit ha ik it nei 't sin. Ik wurkje in pear dagen by de Omrop. Dêr ha ik bewust foar keazen. Sa bliuwt der ek romte foar wat oars. Dochs waard my de lêste tiid hieltyd faker frege, wêrom sjongst net mear? Wa sit op my te wachtsjen, wie de earste gedachte dy't dan by my opkaam. Oan de oare kant hie myn manager yn dy begjintiid, Tineke Huydts, al ris sein dat myn stim pas nei myn 40° op syn best wêze soe. Ik bin no 42 jier en net allinnich is myn stim feroare, ik benaderje it repertoire no ek hiel oars. De ûnbefongenheid fan it begjin is hielendal fuort. Carré of Sonja, dêr moat ik no net mear oan tinke. Dy ûnbefongenheid ha ik ynlevere mar ik ha der wat oars foar werom krigen. Ik kin no in sjanson delsette. De bagaazje dy't ik opdien ha, kin ik no uterje yn de muzyk.
Ik kaam mei it wurk fan Brel yn 'e kunde doe't ik de elpee fan Liesbeth List (Liesbeth List zingt Jacques Brel, 1969) hearde. De oersettingen wiene fan Ernst van Altena. Dy brûk ik no noch, dy binne tiidleas. Ik wie noch mar 11 jier en ha de plaat griisdraaid. De muzyk rekke my en spruts my oan om de dramatyk. As ik dy plaat no veer hear, falt it my op dat Liesbeth dochs wol dingen lizze litten hat, mar dat is logysk want se wie doe noch mar krekt yn 'e tritich. Mei har pleechmem, dy't ik kennen leard hie op Flylân, gie ik nei de optredens. Sa bin ik yn 'e besnijing rekke fan it Frânse sjanson.
Ik ha goed neitocht oft der wol in twadde Brel-cd komme moast. Der binne ek oare sjansons dy't ik wol sjonge kin. Mar Brel past by my, ik hie der sin oan. Mozart wordt ek noch altyd spile. Ik bin der wis fan dat de sjansons fan Brel oer 20 of 30 jier nog songen warde. It wordt in trijetalige cd mei stikken yn it Nederlâns, Frysk en Fráns. Wat ik yn de rin fan de jierren leard ha, is dat ik richt by mysels bliuwe moat. Dat is wichtich. Ik bemuoi my dan ek oeral mei. De kar fan de ynstruminten, timing en diksje, neat lit ik oan it tafal oer. Ik ha in pear stikken op 'e nij opnaam lykas 'Voir un ami pleuré'. Dat sjong ik no yn it Frâns. Baukje Wytsma har 'Le port d'Amsterdam' yn it Frysk oerset. De oare stikken binne noch net earder op cd ferskynd. We ha foar de earste cd lang net alle nûmers brûkt, mar ik ha se wol songen yn myn programma. 'Le Chanson des Vieux Amants' bygelyks. Cees Bylstra begeliede my op de piano. Hy wie doe myn pianist en ôfgryslik goed. Cees spile it nûmer eltse jûn oars, ik mis him noch altyd ferskriklik. No is Wietze Marra myn pianist. Hy har in deeglike, klassyke oplieding hân en ûntdekt no it sjanson en spilet ek fantastysk. Wietze hat in hiel moai arranzjemint makke op Far West, in bytsje mei Mozart- en Bachynfloeden.
Ik wol besykje om alle franje fuort te litten, it moat om de essinsje gean. En ik moat foaral mysels bliuwe en net besykje om Brel nei te dwaan en ôfleare om te moai te sjongen. Eins moat ik ferjitte dat ik sjong. Dy wrakselingen, dêr bin ik op it stuit mei dwaande. Dat moat ik sels utfjochtsje. It is by my net sa útwrydsk as by Hessel van der Wal dy't seit dat er guon lieten pas op in bepaalde leeftyd sjonge kin. Je sjonge se oars, mei je eigen ferhaal der- efter. Eins komt it der op del dat ik hielendal op 'e nij begjinne en alles ferjitte moat wat ik leard ha. Dat bewûnderje ik ek sa yn in skilder as Gerrit Benner. Dy komt as er âlder wurdt hieltyd tichter by de essinsje.
`Dat soort volk meneer', is in nûmer dêr't ik alles yn kwyt kin. Dingen dy't ik om my hinne sjoch. Myn freondinne ut Berlyn har ir oer die 'Spießer', de benepen boargermantsjes. `Les Flamands'
ha dat, mar 'Les Frisons' kinne der ek wat fan. Dat sil wol mei dy kâlde grûn te meitsjen ha, der sit wol waarmte yn it hert mar dy komt selden nei boppen. Wat dat oanbelanget binne de sjansons fan Brel noch altyd aktueel.
De cd ferskynt yn septimber. Dat is alteast de bedoeling, mar it kin ek wol wat letter wurde. Der is gjin wurkdruk. Ik ha in sponsor fûn. Dat moat wol, want cd's ferkeapje hast net mear, de risiko's binne grut. By de kultuerfûnsen woe ik net oanklopje, want dan moat it allegear yn ir Frysk. Ik wol frij wêze om te sjongen wat ik wol.
Of 't der optredens efterwei komme? Wa wit. We hawwe ôfpraat dat we dat eltse kear op nij besjogge. As we der mocht oan ha, dan dogge we dat. In 'Tour de Chant'? Ik sis noait nee. Wat dat oanbelanget is it wol geunstich dat it 'luisterlied' hieltyd populêrder wurdt. Ik seach koartlyn Dayna Kurtz yn it VPRO-programma 'Vrije Geluiden'. Geweldich moai fûn ik dat. Dat is noch ien fan de programma's dêr't rumre yn is foar de goeie smaak. De kommersjele stjoerders promoate allegear it Idols-gefoel, alles is foarbakt. Wat dat oanbelanget is it unyk dat Omrop Fryslân noch in kultuerprogramma bringt. Alles moat fluch en elk moat skoare.
Ik kin rekke wurde troch de suverheid fan minsken. Brel wie ûntsettend suver. Dêrom hâld ik fan syn muzyk. In oare leafde is de opera. As ik yn Berlyn bin, gean ik mei opera's of konserten. De Berliner Philharmoniker, top of the bill. Ik fiel my ek hiel befoarrjochte. Nicolaus Hononcourt, de grutte man om Bach hinne, ha ik dêr bygelyks ek sjoen. De earste opera dy't ik seach wie 'Madame Butterfly' fan Pucini, songen troch in Japanse, in skot yn 'e roas. Ik wie ferkocht. Miskien dat it teatrale yn Brel my dêrom sa oansprekt. Hy fertelt ek in ferhaal. Foar opera moatst dy as harker wol ynsette, je moatte der wat foar dwaan. Dy leafde foar de klassyke muzyk ha ik fan ús heit. Der wie by ús thús altyd klassyk te hearren. Ik ha fjouwer broers en wy binne mei in soad leafde grutbrocht. Dat is de basis foar it fierdere libben. We hiene respekt foar inoar. Hjoed de dei is dat oars. De tolerânsje wurdt hurd minder, lykas op in grut flak alles ferhurdet. Ik ha sûnt trije jier myn rydbewiis. Ik woe noait, mar op in bepaald stuit ha ik besluten it dochs te heljen. En ja hear, yn ien kear slagge. Mar hoe't de minsken op 'e dyk reageare. Soms woe ik dat ik in kamera by my hie. Sa ûnbeskoft. Eltsenien is kening yn syn eigen keninkryk. No't ik dochs oan 'e gong bin: ik fyn it ek ferskriklik hoe't wy konsumeare. En al dy mobyltjes oan 'e earen. Ik ha wol ien, mar dy ha ik noait by my. Thús sykje ik rêst. Ik nim jûns ek noait de tillefoan op. Mei ús mem ha ik dêr wol wat oer ôfpraat, dat sy kin my wol berikke. It antwurdapparaat, ek al sa'n crime. Al dy minsken dy't ynsprutsen ha moatte je werombelje. Ik bin hypergefoelich en ek nochris digibeet. Ik kin bytiden wol gek wurde fan dizze wrâld. As ik in drokke dei hân ha, is 'Netwerk' of 'Twee Vandaag' my soms al te folle. Dy fluch-feroarjende bylden yn kombinaasje mei de hurde realiteit, dêr wurd ik soms siik fan.
Elk jier gean ik in wike allinnich nei Flylân. Dan sit ik dêr yn in tinthúske en doch hielendal neat. Ik hear it gers rûzjen en de seefûgels kriten. Dy rêst fyn ik trouwens yn Mantgum, dêr 't ik wenje, ek. Sa no en dan mei ik my graach ûnderdompelje yn de stêd, Sio en ik ha in soad oanrin en regelmjittich ek minsken te iten. Ik mei graach itensiede, mar soms tink ik: no even net. Wat ik hiel graach doch is mimerje, even neitinke oer de dingen fan de dei. Alle dagen rin ik Jorwerd om, op it stuit mei in Mp3 spiler op 'e holle. Ik belústerje Frânske teksten om myn útspraak te ferbetterjen. Muzyk fan Brel fansels, mar ek fan Juliette Gréco. Sy sprekt it moaiste Frâns en dêr hâld ik my oan. De Brusselse 'l' fan Brel is my dochs wat te dik. Ik bin in grutte fan fan Gréco, ik ha al har cd's. Dat rinnen ha ik nedich. Ik ha in soad enerzjy. Sio seit wolris, is it kwartsje hast op?
Yn dy sechstjin jier is in soad bard. Ik ha no trettjin jier in relaasje en dat is ek net sûnder stjit of slach gien. Mar ik bin in fjochter en úteinlik leveret dat gefjocht in soad op. Dat jildt ek foar minsken dy't ik ferlern ha. It fertriet krijt in plak en hoe paradoksaal it klinkt, it ferriket myn libben ek. Myn âlden hiene in fantastysk houlik dat 48 jier duorre hat. Ynienen stoar ús heit. Hy wie 73. Dat wie ferskriklik, yn it bysûnder foar ús mem. In diel fan har libben is hommels ôfsluten, yn tsien minuten wie it oer. Mar se is in sterke frou en wie net fan doel allinnich te bliuwen. No hat se in nije freon. Se is 71 en tuft yn har lytse Peugeot oeral hinne. Dêr haw ik grut respekt foar. Net hingjen bliuwe yn it ferline mar foarút en der wat fan meitsje. Sa sit ik ek yninoar. Al dy ûnderfinings ha my makke ta wa ik no bin. En ik bin der wis fan dat dy libbenswysheid ek trochklinke sil yn myn twadde cd.'