De Moanne op internet

Peter Sijbenga:
‘It is yn Fryslân al gau goed.’

Peter Sijbenga (1964) is multi-ynstrumintalist en komponist. Spile troch de jierren hinne yn bands as It Dockumer Lokaeltsje, Deinum en Sex Ettek, dêr’t hast in nije cd fan utkomt. Skriuwt al tsien jier teatermuzyk foar Tryater (Kening Lear, Pak 'm Stanzi, Hamlet, de nijste beukerfoarstelling It húske dat ferhuze). Wurke koartlyn mei oan de produksje Ajax fan it Noord Nederlands Toneel. Is fêste begelieder fan Rients Gratama: ‘Dy rol yn “Dankert & Dankert”, dat hie er noait dwaan moatten.’ Peter Sijbenga makket him druk oer de kwaliteit fan de keunst yn Fryslân, de muzyk, de tillevyzje. 'lt is hjir al gau goed. Wat mear underskiedingsfermogen soe it kulturele klimaat absolút brûke kinne.'

We prate ôf by him thús, yn Reduzum. Hy wennet oan de râne fan it doarp, hat syn studio njonken it hûs, kin dei en nacht muzyk meitsje sûnder dat ien der `lêst' fan hat. In moai plakje. Peter Sijbenga fertelt oer it opknappen fan dit âlde hús, jit tee yn. De sinne skynt nei binnen. Ik freegje oft it belangryk foar him is, en syn wurk, om yn Fryslán te wêzen.
'It is goed om dyn roots hjir te hawwen, mar se kinne dy ek beheine. It gefaar bestiet datst op sa'n postsegel sitten bliuwst. Moatst der faak útbrekke, ik doch dat eins te min.
Der bart folle mear yn de rest fan Nederlân. It is de macht fan it getal. Dat betsjut dus mear krityk, net positiver of negativer, mar alsidiger. De persepsje is riker. Hast hjir fansels ek wol musisy, kritisy, mar de kontekst is lytser. “It is hjir al gau goed”, dy sfear tekenet it keunstklimaat, fyn ik. Yn Fryslân bist gau ien. Wy binne in minderheidskultuer, dy’t soms as in slachskaad wurket. Tjitte Piebenga hat ris sein: "De Fryske kultuer liket wol in plestik pûde, opblaasd en fan boppen tichtknope.” Ticht byinoar, mar wy kinne der net út. Us ferantwurdlikens as "makkers" fan keunst is dat wy ús krekt nèt beheine litte.’

______________

- myn ferlet fan eigenheid komt fuort
út de punk -
______________

Yn 1985 begûn op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert de band It Dockumer Lokaeltsje. Oprjochte troch Peter Sijbenga, mei Sytze van Essen en Fritz de Jong. ‘Wy neamden it "Frisobilly". Songen absurde teksten, yn it Frysk, wy hiene súkses en koene ek yn it westen optrede. Punk is anargistysk, it wie lang net altyd goed wat wy diere, mar it wie ús muzyk! Sytze stie dêr de gekste dingen te dwaan op syn gitaar, oft it no moai wie of net, it wie syn gitaar en dit wie syn muzyk. Alles koe. En dy hálding komt foar my ut 'e punktiid wei. Punk wie foar my de frijheid fan de persoanlike ûntjouwing. Doe't ik trettjin, fjirtjin jier wie en ik de Stranglers hearde, tocht ik: dit is it.’

As bern al hie Peter gefoel foar muzyk. ‘Yn de boks blaasde ik ritmysk de lietsjes mei fan de radio. Myn tante sei: “Dy jonge is muzikaal!” Ik bin de jongste fan fjouwer bern, us heit wurke by de CCF en ús mem wie yn 'e hûs. Yn Ingelân soest sizze in middleclass húshâlding. Op myn achtste krigen wy in piano thus. Ik gong daliks op les. Koe al gau meispylje mei de radio. Doe’t ik in jier as trettjin wie belle ús mem mei Akke Smit, dy’t ritmyske gimmestyk joech by Quick. Se sei: “Ast noch in pianist nedich hast, dat soe wol wat foar ús Peter wêze.” Akke sei: “Hoe oud is hij? Dertien? Nou dat moet nog maar niet." Mar ik gong der al hinne.

Fertelde oan Akke dat ik allinnich even kaam te sjen. Se sei “Nou Peter, dat vind ik flink van je.” Ik hie gelok dat de pianist siik wie, dat doe sei Akke dat ik wol even ynfalle koe. En dat gong sa bêst dat ik bliuwe koe.’

_____________

- ik wol in stimpel sette -
______________

Mijn sterke punt is dat ik fluch lear en in heech wurktempo haw. By dy ritmyske gimmestyk wie dat al handich, moatst antisipearje en ymprovisearje kinne. En ik haw ‘foarmbesef’. As wy in útfiering hiene en der moasten oefeningen komme op muzyk, dan die ik dat tegearre mei Akke Smit. Dàt stikje muzyk, en dan dêr wat fan, en sa wist ik al gau hoe't it ta in bepaalde foarm komme moast. Eins is it komponearjen dêr al begun. Wat ik ek mei haw, is dat ik my altyd senang fiel op in poadium. Ik meitsje maklik kontakt mei it publyk, sjoch wat der om my hinne bart en spylje tagelyk.
Ik haw in brede ûntwikkeling trochmakke, kin ferskillende ynstruminten bespylie. Ik kin my tsjinstber opstelle, as begelieder, ha 'k leard by dy ritmyske gimmestyk. It gefoel foar teater ha 'k krigen by it skoallekabaret. Letter by Rients Gratama, as begelieder, oanjouwer. As komponist, by Tryater, iepenloftspullen, alle mooglike dingen dien. Myn ferlet fan eigenheid en persoanlikheid komt fuort ut de punkmentaliteit.’

Peter Sijbenga neamt wat bands: ‘Gang of Four, Killing Joke, en fral de Cardiacs. As de Cardiacs optrede yn Londen dan moat ik derhinne.’ Ik ken se net, dat hy giet oerein, siket in CD út de kast en set him op. De keamer wordt folle mei knoerhurde muzyk, in soarte fan supersnelle symfoanyske rock. Heech tempo, strak ritme, yngewikkelde loopkes. Peter spilet de foar my ûnneifolchbere muzyk sabeare mei. Giet der hielendal yn op. En dan, mei deselde eksplosive krêft as it nûmer begûn, is it ek wer ôfrûn. ‘Neist dit soarte fan supermuzikale bands hat punk in protte geniale dilettanten oplevere. En fierder muzikale einzelgangers, soms by it autistyske om 't ôf. Allegear produkt fan itselde stribjen nei ‘Doch wat, mar doch it oars as in oar.’ Dat punk-kredo leit oan 'e basis fan myn skriuw-enerzjy.”
‘It bliuwt in stribjen om eigen en persoanlik te skriuwen. Net tinke: ik meitsje it foar dy of dy, soe dy regisseur it wol moai fine, sa fan: “Hoe had u het gehad willen hebben....” Nee, it is hielendal myn stik. It bêste wat ik betinke kin, sa wordt it. Dat ik der letter ek noch grutsk op bin. It hat my nochal wat tiid koste om dy 100% autonome skriuwwize yn it teater ynsette te doaren. Ik ha wolris wat skreaun dêr’t ik achterôf net tefreden oer wie, omdat ik te folle tocht oan wat it publyk moai fine soe. Dat wie Hamlet fan Tryater, dêr wie ‘k fierstente beskieden. Sa bin ik net mear. Ik wol in stimpel sette.
Ik wie mei Sytze Pruiksma dwaande foar it iepenloftspul Jorwert, In feint fan twa masters. Sytze sei doe tsjin my: “Dyn band, Sex Ettek, kinne wy soks net ris dwaan.” (Sex Ettek makker eksperimintele elektroanyske klankbylden, KB) Wy hawwe it dien. Ik moast even in triuwke ha blykber. It wie sawol foar Sytze as foar my in geweldige ûnderfining dy stap te meitsjen. En sa wol ik troch. Hieltyd autonomer.
lt berne-iepenloftspul is wat oars, dêr moat ik wol tsjinstber wêze oan it stik, de dielnimmers, it publyk. En ik fyn, der moat ek in edukative ynhâld wêze, net allinnich in tal lieten dat leuk klinkt. Fral nèt op 'e hurken sitten gean mei bernige ferskes, lykas by dy freeslike programma's fan Studio 100, kabouter Plop en sa. Dêr sit hielendal gjin útdaging yn foar bern. Nee, Annie M,G. Schmidt, Willem Wilmink, dàt is goed.’

Sytze Pruiksma is in geweldige èn krityske kollega, lykas Cees Bylstra dat wie. Ik mis syn kwaliteit, syn wurk, syn oanwêzigens yn it discours. Dêrom is it sa spitich dat Cees dea is, want fan sokken moatst earder mear as minder ha yn Fryslân. Underlinge krityk is hjir dreech, wy kinne mekoar allegear, doare amper negatyf te wêzen. En as wy dat wol dogge leveret it nea in strukturele diskusje op. In debat op nivo oer keunst, of muzyk, dat slagget hjir amper. Ek fanwegen it te lytse rûntsje. De plestik pûde dy't ticht sit. It docht bliken dat it Fryske kulturele klimaat derfan profitearret as maten de pûde iepensette. Jos Thie is ien fan de belangrykste minsken. Bliuwt gewoan yn Wergea wenjen, wurket yn it westen, nimt ideeën mei, siket der in ynfrastruktuer by en giet oan it wurk. Corina van Eijk har gjin jild om in Opera Verona te meitsjen, makker in Opera Spangea, mei deselde leafde, ynset en kwaliteit. Jan Jaap van der Wal is yn Ljouwert berne, mar wol fierder, har in obsesje, giet Fryslán út om him te ûntwikkeljen. Goed zo Jaap! Simone Lamsma út Burgum, dy fioliste, ynternasjonaal súksesfol. De wrâld stiet foar ús iepen. Brek derút!
Ja, en wat doch iksels. Ik sit hjir. Ik haw it nei it sin by Tryater, mei Rients. Haw krekt `Ajax' dien mei it Noord Nederlands Toneel. Ik jou ta, myn ambysje om fuort te gean stiet op in leger pitsje as foar de ûntwikkeling fan myn talinten goed wêze soe. Ik fiel de flammende needsaak net om de stap te setten. Miskien is it wol ordinêre benaudens.

______________

- ‘foar Fryske begripen is it bêst leuk’. Soadermiterje op! -
______________

Plestik pûde of net, Peter Sijbenga is wol fan betinken dat er diel útmakket fan de Fryske kultuer. ‘Fansels hear ik derby, fiel my der ek thús. En as makker wol ik sa no en dan de ferantwurdlikheid nimme en stel dy kultuer ta diskusje. Wêr is it discours? It tilt hjir net op fan de Jan Blokkers en Gerrit Komrijs en dat hoecht ek net. Mar ien of twa soe wol aardich wêze.
Ik haw in kear in ynstjoerd stik skreaun oer ‘Baas Boppe Baas’, dat fûn ik sa ferskriklik. In Fryske soap, prima. Bearnt Baas soe de Fryske Archie Bunker wurde. Mar ynvestearje dan asjeblyft wol yn goeie skriptskriuwers. It wiene ommers ferhaaltsjes fan niks, sa bryk. Steven de Jong har de kâns hân om der wat moais fan te meitsjen en docht dat dan net. Wêr't dat fan komt? Net mei leafde makke, tink ik dan. Ik sit dernei te sjen, der ûntbrekt wat yn de kearn, syn leafde luk ik yn twivel.
Dy Kameleon, elkenien hat de boeken lêzen, sa'n film komme hûnderttûzenen minsken op ôf. By Hotze de Roos hiest fansels de romantyk fan it plattelân, dat wie op boartlike wize beskreaun. Mar wat Steven de Jong derfan makke hat, is "ronduit bedenkelijk". Dy tsjinstelling plattelân-sted, dy karakteristiken binne by him feninich, diskriminearjend sels. Gjin humor, gjin irony, leadswier yn syn dommichheid.’
Soe Peter mei Steven de jong gearwurkje wolle?
'No nee. Hy hat enerzjy, mar it soe wat mear yn kombinaasje moatse mei goeie smaak en mear ynhâld. Oan ‘Dankert & Dankert’ ergerje ik my ek dea. Ik hear dan: “Foar Fryske begripen is it bêst leuk”. Soademiterje op. Wolst dochs net dat der op begjinnersnivo tillevyzje makke wordt? Dat is ûnderskatting fan jo publyk. It is moai as der in protte minsken nei sjogge, mar bied harren dan ek kwaliteit. Ek al ha je net safolle jild as de makkers fan ‘All in the family’ of ‘the Soprano’s’, fiel dochs de leafde foar dat soarte fan programma's en gean dêrmei yn Fryslán oan it wurk.’
En Rients Gratama dan, dy't de rol fan de heit spilet yn ‘Dankert & Dankert’? ‘Ik ha Rients ferteld dat ik it “volslagen kut” fon dat er dat die. Wy ha al jierren in geweldige wurkfreonskip, hawwe it oer fan alles, persoanlik en algemien. Fynst mekoar yn walst wol en net goed fynst. Yn dat ljocht wiene wy it der altyd oer iens datst gjin listlûker fan de LPF wurde moast en better net mei Steven de Jong gearwurkje wolle moast. Dat Rients dat lêste no wol dien har fyn ik behoarlik ûngemaklik. Mar wy ha deroer praat. Rients begriep myn ferbjustering, ik begryp dat hy graach mei Peter Tuinman spylje woe. En Rients har my beloofd gjin listlûker fan de LPF te worden.

terug naar Peter Sijbenga

Deze pagina is bijgewerkt op