Fjierde jiergong Nûmer 9 NOVIMBER 2005
De Moanne op internet
WIM BRONS
Nije CD fan ‘Healers’
Even foar de simmerfakânsje foel ‘De Blûsrûs’ fan Healers op myn buro. De plaat wie net bêst opnaam kwa technyk, mar even trochprikke.... en it batst der fanôf: de gekte, il rammeljende lûd fan in lekker rau bandsje en de wille! It hoeske sjocht der perfekt út: âlde foto's mei de nedige ynformaasje yn in moaie lay-out mei rêstige lettertypen en op de binnenside in nijsgjirrige tekst:
‘Moatst dy ris yntinke dat de lûden wêrút de blûs ta waaksdom komme soe, net foar't earst yn tsjerkjes fan lytse plakjes sa as Clarksdale en Greenwood yn Mississippi te hearren wienen, mar yn spitketen op de heide en feanterijen fan de Fryske Wâlden. Dat dy klanken mei turfskippers troch de provinsje fierd wamden en dat sa de blûs berne wêze soe. Sa hat it fansels net west, mar dat der parallellen binne tusken de earmoed op de plantaazjes yn it súden fan de Feriene Steaten fan Amearika en de feanterijen fan de súdeasthoeke yn it begiin fan de foarige ieu, is klear as in klontsje. No ha de leden fan Healers, in seismansformaasje ut Opsterlân, as fûleindige blûsfanaten de blûs nei Fryslán helle. Klassike blûsnûmers ha se oerset yn 't Frysk en hjir en dêr oanpast oan de tiid fan hûndert jier lyn. It resultaat is ‘De Blûsrûs’: in reis dy't je meinimt by earmoed, tsjinslach, leafde, oerhoer, drankmisbrûk en úteinlik by lok en hope lâns..'
It repertoire bestiet konkreet út nûmers fan bluescracks as Robert Johnson (de held fan Eric Clapton), Willie Dixon (`Little red rooster') en ek Peter Green (Fleetwood Mac). ‘Dust my broom’ waard ‘Luk myn pream’, ‘Roadrunner’ is oerset as ‘Hurdsiler’ en ‘I'm a kingbee’ is no ‘Ik bin in Ilebei’. Ut de wrâld fan de Fryske muzyk binne op de cd prima reaksjes kaam.
Sanger Jehannes ‘fan 'e Tynje’ Veenstra: ‘Doede Bleeker, Adri de Boer en Piter Wilkens hawwe my witte listen dat se it wol wurdearje koenen en de plaat hat fan't simmer cd fan de wike west by Omrop Fryslân en wurdt dêr noch hieltyd draaid. Dat fyn ik leuk.’
Hawwe de hearen Healers ek foarbylden yn de Fryske muzyk? Jehannes: ‘..eh..no...even tinke, neu net daliks.’
Doede Bleeker, Chickens Go Mad of Jaap Louwes, wat soe it wurde at jim nei in optreden ta wolle soenen?
Jehannes: ‘Om derhinne hih? Dan soe ik nei Chickens go mad gean tink ik, at ik no kieze moast. Mar om der op te lykjen net, yn dy sin, want dat is in hiel oare band. Sjoch, wat wy dogge dat fyn ik mear, ja in bytsje, hoe moat ik it sizze, in bytsje boereblues om sa mar te sizzen. Dat is miskyn in rare útdrukking, dy sil wol net bestean, mar it is boereblues en dat fan harren is wat mear kultiveard.’
Feiko Wouda, yn it deistich libben master oan in zmlk-skoalle, is de tekstoersetter en ek de histoarikus fan de band. Hy is ek de Barste om ta te jaan dat je de tema's fan de blues oeral op 'e wrâld ophingje kinne yn'e lokale taal at je dat wolle: fan Greendale oant de Tynje, fan Moskou oant Banda Atjeh en fan Doodstil nei de Sinese minen.
Wêrom oer de âlde feanterijen dan net de eigen âld-Fryske of âld-Hollânske wize fan hertsear-útdrukke-yn-muzyk? Gewoan yn de styl fan André Hazes, Johnny Jordaan, Rommy of De Sambrinco's of foar myn part Normaal? Wêrom hawwe jim mear mei blues dan mei de orzjinele foarm fan it uterjen fan folksfielen yn Nederlân en yn Fryslân?
Feiko Wouda: ‘Omdat wy alle seis de blues gewoan fijne muzyk fine.’
Mar fine jim dat it jim slagge is om it libben fan hûndert jier ferlyn yn Opsterlân op de plaat te krijen? Feiko: ‘It is mear in soarte fan oanset west sis mar, de blues is sa rom’.
Mar jim ha gjin konkrete saken beneamd, wêrom net?
Feiko: ‘We hawwe it yndie net oer Domela Nieuwenhuis hân, ne oer it fean sels, wol oer in pream en oer in hurdsiler, trouwens. Mar de blues yn Amearika, dy klassikers dy't wy oerset hawwe geane fansels ek net hieltyd oer de plantaazjes en oer it katoenplukken. Sa is it ek nochris in kear. Wol oer de earmoed, oer ir ûnbegryp, froulju dy't manlju net begripe. ‘Foarst my de se] joust' bygelyks, dat spile hjir ek. En dit kroechje dêr't de cd opnaam is, De Rolbrêge, stie midden yn it feanterijgebiet'. Jehannes: `Hjir kamen de feanbazen om de arbeiders ut te beteljen, dat koe dan fuort wer útjûn wurde yn dizze kroech en dêr achter dy doar, dêr wie it winkeltsje: de ferplichte winkelnearing’.
De band bestiet no sa'n sân jier en operearde earder yn it gewoan cover-sirkwy ek mei muzyk út de folksfear. Dizze muzykkoers is fan de lêste twa jier. Yn jannewaris 2004 kaam it Sweachster festival fan septimber yn byld.
Feiko Wouda: ‘Wy moasten in doel hawwe en we tochten: we spylje dêr in set Fryske blues. Ik run al 20 jier mei de werktitel ‘Blûsrûs yn 'e kop en hie ek al wat Fryske oersettings fan bluesclassics klear. In brutsen foet joech my de romte en de tiid om mear nûmers ree te meitsjen foar Healers en sa kaam it program foar it festival ta stân.’
It publyk dêr fûn it leuk, boargemaster Sicko Heldooorn fan Opsterlân en ek presintator fan it festival rekke entûsjast, wist de wei wol nei in subsydzjepotsje en dat wie de goeie triuw yn de rjochting fan de opname fan de cd. Dy opnames wienen yn maale fan dit jier, yn it kafee De Rolbrêge fan Bouke Oldenhof by de Tynje, mei publyk. Plannen foar in folgjende plaat mei ek folslein eigen Fryske bluesnûmers steane yn de stegers, mar we dogge it foarearst noch even mei it favorite nûmer fan dizze cd fan sanger Jehannes: ‘Hjir krûp ik gewoan yn, da's hiel apart, ik wit net wat dat is...’
Blauwe Moandei
Se neame it blauwe moandei, mar tiisdei is ek net bêst
Se neame it blauwe moandei, mar tiisdei is ek net bêst
Woansdei is slim en tongersdei is striemin
De iel rikket op freed, en sneons gean ik fuort te spyljen
De iel rikket op freed, en sneons gean ik fuort te spyljen
Sneins gean ik nei tsjerke, dêr jou'k my del en sliep
Dûmny dûmny, ik freegje jo, dûmny wês net sa dûm op my
Dûmny dûmny, ik freegje jo, dûmny wês net sa dûm op my
Jo witte dochs, op myn weake knibbels sis ik jo wer
Toe! Nije wike snein dan betterje ik my!
2004 Walker & Wouda
Healers bestiet út: Jehannes Veenstra fan'e Tynje, gitaar, sang en rammelguod; Iede Hoekstra fade Sweach, gitaar; Bauke de Grouw fan Terwispel, gitaar & oargel; Marten Scholten fan'e Sweach, slachwurk, pannen & sang; Ruurd Huitema fan Weinterp, bas; Feiko Wouda fan'e Sweach, mûlharp. Mear ynformaasje: wolfda@home.nl of 0513-571120/0512-383091