17 oktober 2005
Leeuwarder Courant op het web
Rockband Van Wieren wint Liet
LJOUWERT - Rockband Van Wieren hat sneontejûn yn Ljouwert it Fryske sjongfestival Liet 2005 wûn, mei it ferske ‘Nim dyn tiid’.
De rockband, dy't in bytsje klinkt as De Kast en yn de foardracht wat wei hat fan Golden Earring,waard troch de faksjuery yn de middenmoat set. Mar de televyzjesjoggers en it publyk yn de Harmonie soargen derfoar dat Van Wieren úteinlik op it earste plak kaam.
De band hjit gewoanwei Thin Air en treedt op mei Ingelske nûmers. Twade waard Om 'e Noard mei 'Frou yn it ljocht', it tredde plak wie foar Renske de Boer en Jochum van der Woude mei 'Jeanette'.
De Steven Sterkprijs foar de bêste tekst waard takend oan Arjan Hut foar 'Mata Hari', útfierd troch Donna Wouda en de Haralama Show.