Op lege bannen

Dyn bealch is mâl, dyn harsens binn' gek
do hast gjin wurk mar oan jild gjin brek

Heit jout dy de kaaien fan syn wein
en triuwt wat sinten yn dyn hân
en yn de wein fan in oar, rydsto op lege bannen

Nei de fammen, dyn maten, it bier
do tinkst datst der by hearst, dat makket dy blier

It wykein stiet foar de doar,
heit wit neat fan dyn plannen
en yn de wein fan in oar...

Do hast in fak leard mar noch hyltyd gjin baan
no kinst alles ferjitte, it wykein is noch lang
en heit hy snapt ek neat fan dizze tiid
mar hy wol dy drage op hannen
en yn de wein, de wein fan in oar, ja yn de wein,
de wein fan in oar...
rydsto op lege bannen

Piter Wilkens

Van de cd: Romtefyts

terug naar Piter Wilkens

Deze pagina is bijgewerkt op