It paad werom

Do stiest my noch sa by, doarpke út myn tiid
der is in soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiid
en wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt
der is altyd dy sim dy 't my aon dy bynt

Ea woe 'k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear
mar 'k bliuw no faker thús, tinkend oan alear
yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil
it makket neat mear út wêr 't ik hinne sil

Ik reizgje op en del, de ierde oer
altyd ûnderweis, nei it aventoer
de eachein wol 'k foarby, mar wêr 't ik ek kom
de ein fan elke reis is it paad werom

Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft
ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft
ik krych myn earste tút yn 'Under 'e Sjuut'
myn ferhaal mei dy, myn doarp, is noch lang net út

Ik boartsje frij yn 't fjild by de grutte feart
ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat
ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk
myn flot is wer in boat, ik reit myn ryk

Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie
mar fûn dêr net de terp dêr 't myn widze stie
ik besocht de grutste stêden fan de wrâld
mar seach dêr net it doarp dêr 't ik fan hâld

Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer
en wit al myn gereis, ea is it oer
stop my dan yn dyn grûn as ik safier kom
nei myn alderlêste reis: it paad werom
want de ein fan elke reis is it paad werom

tekst en muziek: Piter Wilkens

Van de cd: Nocht & Wilkens

terug naar Piter Wilkens

Deze pagina is bijgewerkt op