Leeuwarder Courant op het web

Liet’: kreaze lieten, gjin ferrassings

Plak: Sealen Schaaf, Ljouwert. Barren: Liet '94, m.m.f. Nep Tunes, Jouke Douwe en Sigrid de Vries, A3nSA, Ratatouille, Case I, Andries Kobus en de Roelofs, Irish Stew, Dok'm, Egbert Beers. De Himbôge, Hans Wempe Combo. Bobbies Bluesband, De Rayonhaden, kombo Anne Oosterhaven. Dia-Dame, Douwe Heeringa, Safari Joe. Presintaasje: Karin de Jong. Tal besikers: 400.

LJOUWERT - Trettjin nije Fryske lieten, dat wie de rispinge fan Liet '94. De sjuery hie it der net maklik mei, mar kaam dochs ta in beslút: Egbert Beers waard it, mei it oandwaanlike 'Sunder thús' op in tekst fan Gooitsen Eenling. De grutske winner fan in festival, dér't nei fjouwer edysjes wolris wat frisse wienn troch waaie meie. Want fansels is sa'n Liet goed foar it Fryske lietebestân (neist de trettjin selektearre lieten waarden der noch 42 stiks ynstjoerd) en in grutte stimulâns foar it sjongende part fan it Fryske folk, mar de measte lieten dy't sneontejűn yn kompetysjeferbân te hearren wiene, klonken wol wat bekend.

Bekend is de tematyk: relaasjeleed, asylsikersleed, maatskippijkrityk-mei-in-lichte-toets. Bekend is de útfiering: meast yn sobere kombofoarm, dy't gauris ferwiisde nei it 'earnstige lústerliet'. Jouke Douwe de Vries, dy't ferline jier noch in nijmoadrige kompjűter op it poadium sleepte, siet no gewoan efter de piano. Andries Kobus, dy't twa jier lyn song oer in flirt op it terras fan kafee Wouters, hie it no op hast Reviaanske wize (de tekst wie, krekt as doe, fan Baukje Wytsma) oer hast itselde, mar dan hűndert meter fierder: op it stasjon. Allinne Dok'm wegge him oan ruge rock, mei in sjonger dy't wyld oer it poadium raasde, de measte oaren holden it dynamyske peil leech.
Ek humor wie meastentiids fier te sykjen. Sa net yn 'Ik bin de tyd kwyt', skreaun troch Nanne Kalma dy't de sjuerytafel dit jier ruile hie foar it poadium: hy fierde it liet oer hoe destabilisearjend simmer- en wintertijd útwurkje kinne op sommige minsken ut mei folkduo Irish Stew. En nimmen makke safolle wurk fan de 'show' as de Rayonhaden: in flot nei te fluitsjen en net te djipgeand wyske fan sjonger Piter Wilkens ('Moekes koek en sopiekream'), dat mei in man as tsien útfierd waard op hast revu-eftige wize. Fansels wiene der genôch aardige, moaie, flotte en oandwaanlike lieten te beharkjen. 'Do bist der net mear' fan Case I bygelyks, oer in ferstoarne leafste. Hans Wempe syn 'No goeie', oer it tafallige wersjen mei in eks. 'Myn earste leafse' fan Liet-feteraan Adri de Boer. Mar dęr giet it my net om. Miskien moat ik Dia-Dame derby helje, de winner fan it Noordnederlands Liedjesfestival fan dit jier en, neist Anne Oosterhaven, Douwe 'Brelcream' Heeringa en Safari Joe ien fan de 'entre-actes'. De measte Liet-dielnimmers koene hiel wat leare fan de twa Diadames. Oer raffinemint, frisse meldijen, persoanlikheid, knappe en dochs ienfâldige arrangeminten, dűbele boaiems, sinlikens en lichaamlikens - ik ha nimmen oars de hân yn it krús slein sjoen dizze jun.
De publykspriis wie foar it Rayonhaden-sirkus, mar de útrop fan ien fan harren by de priisútrikking, „we komme soa weer", wie foarbarich. De sjuery (Pieter de Groot, Meindert Bosklopper en Claudia de Vries) folge de vuurden fan André Bralts dat se wol net sa fan 'it aparte, it absurde, it bonte, it ruge' hâlde soene en joech de earste prijs oan de iennige solist yn de rige: Egbert Beers. De sjuery priizge de ienfâld, de kreaze tekstbehanneling en it knappe gitaarspul en gelyk ha se. Want 'Sunder thús', oer in Bosnyske flechtling 'fuortwaaid as in blęd fan in beam', is in kreas liet, sűnder mear. Mar by it lustrum-Liet fan it oare jier, dan yn de nije Harmonie, wol ik graach ris echt ferrast vuurde.

JACOB HAAGSMA

terug naar Liet

Deze pagina is bijgewerkt op