Leeuwarder Courant op het web

Aaipop: deade hinnen yn it
ramt fan de peaskegedachte

Plak: De Mande, Nijln. Barren: Aaipop. Mei: Slge Sibbeles Soan en syn Sipels, Ford 5000, I.O.U., Yellow Socks, Mother' s Gone, Gyn Gedonder, Reboelje, Deinum, Bauke en Greetje, Frederike Kleefstra en Inez Timmer, Operaasje Fers, Fdde en Beitske, Gerrit Bos, Wim Beckers, The Hones, Doede Bleeker, Trije Gurbes, New Stalin Orgels en oaren. Organisaasje: Stifting Earizer. Belangstelling: 1700 minsken (tferkocht).

    NIJLAN - „In tinte yn Frysln betsjut feest", seit Earizer-man Gerben Gerbrandy efterf. Dus sa kaam it dat de 'harksankjesseal', dit jier ferpleatst nei in tinte, sa 'n grutte oanlkingskrft hit' op it pratende en razende folk, op it seisde Aalpop-Festival. Ernst Langhout fan The Hones hie it sels oer de 'dranksankjesseal'. Hoe dan ek, it wie nuodlik om de oanwzigen stil te krijen, en dat wie dochs wol needsaaklik mei al dy teare akoestyske lden.
    Elts besocht it op syn eigen wize. Inez Timmer mei synisme: „By dit liet heart in ferhaal, mar ferhalen ha jim sels gench." Operaesje Fers mei skoalmaster-eftige methoaden: „As jim net stil binne, dan wurdt der net spile. En de bar giet aanst ticht!" Kom jonges, in bytsje rock en roll-mentaliteit en raas dy gedichten der dan t, soe'k sizze. Sa net Gerrit Bos, dy't t protest tsjin it lawaai en tsjn it minne ld op it poadium ophold mei spyljen.
    Aaipop is. yn fiif jier tgroeid ta in ynstitt, in graadmjitter fan wat der yn de Frysktalige pop bart. It is ek een katalysator foar de pop-yn-memmetaal: hiel wat groepen binne troch Aaipop stimulearre om it Ingelsk oan de kant te goaien. Mar mear noch as dat is Aaipop in sosjaal barren wurden, in plak dr't je wze moatte op peaskemoandei, want dr is eltsenien ommers. De measte groepen op Aaipop spylje, sa't it klisjee oer de popgroep wol, ld gench om dy sosjale opstigings te oerwinnen, mar krekt by de akoestyske 'hark-sankjes' is it in probleem, dat is ddlik. En dochs is dat ek in part fan de Frysktalige popkultuer.
    Wat dogge wy it oare jier, sil Stifting Earizer har ffreegje. De tinte in ein it ln yn, sadat allinne de echte leafhawwers der hinne wdzje? In apart gebou foar de teare gemoedsoandwaningen? Of it harksankjesbarren dochs mar oerlitte oan Tsjoch? Mar goed, dat is it oare jier pas. Dit jier wie it dochs foaral wer in Frysktalich muzykfeest, likegoed as in drankfeest - en by watfoar barren yn dizze omfang krigest noch bier yn fleskes? Dat hat der grif foar soarge dat der hiele keppels binne dy't gjin groep sjoen ha, mar dy ha dan wat mist.
    Nim no Ford 5000, ornaris yn it Ingelsk te hearren mar diskear dus yn 't Frysk. „Eric Ennema, ik wol dy ha", sjongt Lolkje Algra dan. Dik feest, krekt as by I.O.U. en Yellow Socks. De fjouwer froulju fan Mother's Gone makken wat 'swierdere' ' muzyk en op in inkele ferdwaalde 'hollebatser' nei kaam der net folie respons. Ek al spille de groep noch sa hecht en hie bassiste Guus Out klompen oan. Ek dizze groep song earder yn it Ingelsk, mar sjongeres Diaan van Bergen rde har kreas mei it Frysk, al lizze har woartels earne yn it Brabnske ln.
    De feestblues fan Gyn Gedonder - Biltske polka - hie fansels it publyk ek mei, lykas Reboelje. By de lste groep, Deinum, lei it wat oars. De groep fan Peter Sijbenga makket no net de lichtst te fertarren muzyk tusken Ofsltdyk en Donkerbroek, mar sa't de organisaasje al ferwachte sette no de 'sprate ftocht' yn. En der wiene ek noch wat feestgongers dy t yn de alkohol sa 'n steat fan ferljochting fn hiene, dat se op de yngewikkelde 'groove' noch oan it hollebatsen sloegen ek.
    Yn'e 'praattaapromte wie ek noch it ien en oar te hearren. Doede Bleeker fansels, mar ek reunykonserten fan de Trije Gurbes en de Stalin Orgels („New Stalin Orgels”, sa 't gitarist Jan Pier Brands net wurch waard te korrizjearjen), en in poppekastfoarstelling fan AID en de Kwotums, dr't in pear deade hinnen yn figurearren. Yn it ramt fan de peaskegedachte, fansels.

JACOB HAAGSMA

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op