Leeuwarder Courant op het web

Twirre: kabaret foar breed publyk

Troch Sietse de Vries

DRACHTEN - Sneon is de premičre, mar no lizze der al mear as fyftjin oanfragen foar optredens. Henk Waterlander oerdriuwt net as er seit, dat der in afgriseliken soad ferlet is fan Frysk kabaret. Hy foarmet mei suster Aagje en achterneef Jeen Waterlander kabaretgroep Twirre. Wat se bringe is gjin Teake van der Meer, gjin Rients Gratama en gjin Samar. Wat it wol is? „It is wat kabaretterich."
Hoe't Fryskafette fan 't jier ek śtpakt - de audysje is léstendeis in pear moanne śtsteld om't him noch mar ien gadingmakker oanmeld hie - dy fan ferline jier hat no al fertuten dien. Doel fan'e Fryske klienkeunstkriich wie om nij talint ta it meitsjen fan kabaretprogramma's oan te setten. Om't Henk, mei trije jier Samar, en Aagje, mei tsien jier Sipke Oppedyk-ūnderfining, ferline jier neat om hannen hiene, ha se har opjūn foar Fryskafette. Achterneef Jeen, dy't him op net mear foarstean kin as op syn oandiel yn 'e doarpsrevu fan Surch, makke it trio folsein. Harren bydrage wie goed genóch om mei Adri de Boer en Froufolk talitten te warden ta de Fryskafette-kursus tekstskriuwen en presintaasje. Nei dy kursus hawwe de trije dielnimmers optredens fersoarge op 'e Gerdyk, yn Warkum en yn Dokkum.
Neffens Henk - deis ferkeapet er formaasjesystemen foar hotels - hat er op dy kursus no net daliks leard om teksten te skriuwen, mar is er sūnt wol better by steat om teksten van oaren op har wearde te beoardielen. Tige wichtich wie ek dat se troch dy kursus yn kunde kamen mei Clara Rullmann, dy't it grutste part fan harren teksten arrangeard en op muzyk set hat. In part fan de teksten dy’t Aagje op'e kursus makke hat is ek yn it program werom te finen. De oare teksten binne fan Wim Beckers, Lśtzen Stellingwerf, Sipke Oppedyk en Aagje Waterlander.
Twirre hopet dat it mei syn program in sa'n breed mooglik publyk rikt. Al binne der grinzen, net alles wurdt oanpast oan 'e smaak fan it grutte publyk. De earste śtprobearfoarstellingen lokken gāns kommentaar ut. Oft dat fan dy embryo's der net ut koe, dat begripe de ālde minsken yn 'e seal net. En wérom praat dy dokter Hollānsk? Dy moat Frysk prate en oars kin soks likegoed weilitten warde. Aagje: „Der kinne jo net oan begjinne. De iene fynt dit moai en de oare dat. As wy alles skrasse dźr't kommentaar op komt, hālde wy neat oer." In grap oer Prins Claus ran safolle wierstān op - ,,no hat dy stakker ek noch de sykte fan Parkinson, der meie jim gjin grappen oer meitsje" - dat se dy dochs mar falle litten ha.
Merken, ferieningen, būtenkriten, Twirre wol oeral wol spylje, krekt as Rients. Mar de lju moatte har net oankomme mei it ferhaal dat se Rients better fine. Henk Waterlander: „Kinst śs net mei Rients ferlykje. Dy is berops en in hielen grutten ien. Wy binne amateurs, wy moatte alles yn e jūnsoeren dwaan. Wy doge śs uterste bést om it sa goed mooglik te dwaan en de minsken in prachtige jūn te besoargen, mar wy bliuwe amateurs."
Mar krekt fan kabaretiers op amateurbasis is in soad ferlet yn Fryslān, sa hawwe Henk en Aagje de leste jierren fernaam. Foar de iene feriening is Rients te djoer, de oare hat him in jier dérfoar al hįn. Henk: „Foaral op feestjūnen hawwe de minsken leaver kabaret as toaniel. Dan is it faak in kwestje fan: ferline jier ha wy Sipke Oppedijk hān, no moatte wy mar wer ris wat oars ha. Mar dat oare is der net. Wy giene mei Samar net faker as ien kear wyks fuort te spyljen. Mar as wy wollen hiene, hiene wy wol trije kear wyks kinnen. Mei Twirre wolle wy der sa faak mooglik op śt, wy sjogge wol hoe lang wy it folhālde.”

terug naar Twirre

Deze pagina is bijgewerkt op