Leeuwarder Courant op het web

Aaipop wer fol mar nije nammen brek

Plak: De Mande, Nijln. Barren: Aaipop. Mei: Janneke Hoekstra, Douwe Heeringa en Kompagnie, Inez Timmer, Brn van der Duim, Bauke en Greetje, Eaglefield, Kneppelfreed, Generaasjekleau, AID en de Quotums, Betty Boep, Trije Gurbes, Foarhinne Keamerorkest Excelsior, Strawelte, Reboelje, Doede Bleeker en Swierizer, Presintaasje: Peter Sijbenga. Belangsteling: 1100 persoanen

NIJLAN - Frysln sjongt, safolle waard juster wol ddlik op Aaipop. En wr't Frysln sjongt, sammelje harren wer oare Friezen. Waard ferline jier it smke Muzykkafee al te lyts foar dit festival fan allinne mar Frysktalige artysten, it folle gruttere multyfunksjonele sintrum De Mande koe de drokte ek mar amper oen. De middeis moast de doar al ticht: strikende fol, hjit soks leau'k, om it word aaifol diskear mar te mijen. Letter op 'e jn mochten der wer wat minsken by, sadat meinoar sa'n 1100 minsken dit fjirde Aaipop-festival besocht ha.

Drokte dus. Foaral tusken de optredens troch wie der amper trochkommen oen yn de gongen. Minsken dy't harren no ris netsjes gedrage woene, moasten al om in oere as sn heerre dat de Buckler op wie. En ien patatwein wie ddlik te min om al dy lege magen te foljen. Mar wat soe’t: gesellich wie it wol. En men hie de kns om mei eigen eagen en earen te fernimmen hoe’t de hjoeddeiske Frysktalige sjongers it derf bringe, as men yn de sealen komme koe alteast. Benammen yn de lytse, saneamde Harksankjesseal foel dat noch net ta.

Hjir wiene it meest akoestysk operearjende artysten, dy't harren oppenearren. It folk-eftige Kneppelfreed naam dat sels sa letterlik, dat de groep it hielendal op eigen krft die, dus snder de oanwzige ldsynstallaasje. De falske noatsjes foelen sa wol wat mear op mar in groep d 't har sa kwetsber op doart te stellen, nimme wy dat net kwea f. Ek de harklietsjes fan Janneke Hoekstra wiene foar alles sft. Douwe 'Brelcream' Heeringa brkte al wat mear stroom, al holp dat net tsjin syn ferkldenens.

Yn dizze seal wie 'Stil!' it meest brkte word, mar yn it Rockhok kaam dat net sa krekt. Spitigernch holden de measte nijere groepen dy't hjir nder it basketballnet kamen te spyljen harren net dwaande mei eigen muzyk, mar mei 'covers'. No kin't bst wier wze dat it net folle sin hat om sels te skriuwen as der al safolle lieten makke binne, mar s heiteln is grif mear tsjinne mei groepen dy't besykje nije, oarspronklike muzyk te meitsjen. Al fermakken wy s oars poerbst mei sokken as Generaasjekleau (de nije groep fan Wim Beckers) en de wat rger tfallen Betty Boep en AID en de Quotums (bste namme op Foarhinne Keamerorkest Excelsior nei).
Mar it wiene dochs de Aaipop-'residivisten' Trije Gurbes, Reboelje en Strawelte dy’t foer de measte wille soargen. De willebilly fan de Gurbes rattelt noch altyd, mar de ferdivedaasjefaktor wie tige heech. Lykwols komme dizze Boalserters der krekt wat te ddlik foar ut dat se tige graach Strawelte wze wolle in winsk dy't tkaam by de set fan de Wldpiken sels. Doe't wy efkes net seagen kiene de lju fan Strawelte yn 'Henkie Mobach' harren ynstruminten efkes oerjn oan de Gurbes. Strawelte spile hjir better as ea, en oen sjonger Foppe Land wie net te fernimmen dat er in pear dagen earder mei de fyts in rare knoffel makke hie (tgliden oer in brokt kondoom).

By Reboelje giet it der wat earnstiger oen ta. Ek dizze groep is derop foartgien, it likei wol oft in reis nei it easten (Reboelje is krekt werom t Poalen) ynspirearjend wurket. De nije nmers wiene alfeast fan sa'n kwaliteit, dat wy al mei nocht tsjogge nei de nije cd, kommende hjerst. Allinne steane de hearen noch wol wat statysk op de planken. Hoe dan ek, Reboelje wie in passende fsluter foar dit Aaipop, dat spitigernch gjin echt nije alternativen hearre liet foar sokke groepen. Nije nammen moatte wy ha, oars witte se yn Nijln net wat se dr it oare jier delsette moatte. En mei de lokaasje wordt it ek noch lijen. Dan dochs mar nei de Frieslandhal?

JACOB HAAGSMA

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op