Leeuwarder Courant op het web

Trūbadoers en nijmoadrige
Frysktalige muzyk op Aaipop

NIJLAN - Foar de twadde kear waard juster yn it Muzykkafee yn Nijlān it Aaipop-festival hālden. It bysūndere fan dit festival is dat alle dielnimmende artysten yn it Frysk sjonge. Der wiene juster net allinne tradysjonele, yn'e folk woarteljende, ‘trūbabadoers' te sjen, mar ek groepen dy't wat mear nij-moadrige muzyk meitsje. Der is in kāns dat dit Aaipop-festival it lźste yn it Muzykkafee is. Neffens de gemeente het it kafee in te heech lūdsnivo, wylst der nea ien fan'e buorren klaaid hat - in aparte saak dy't it kafee wol de muzykfergunning kostje kin. In oare saak is dat Aaipop śt it kafee groeit. Oer de hiele dei nommen ha der sa’n 500 minsken west en it wie dan ek grōt-, nee, aaifol.

Plak: Muzykkaffee, Nijlān. Barren: Aaipop. Mei: Sytse van der Werf, Gysbert, Slūge Sibbele's soan en syn Sipels, Inez Timmer en Peter van der Zwaag, Stalin Orgels, Strawelte, Peter Sybenga, Briquebec, Doede Bleeker en Reboelje. Organisaasje: Stifting Eariser. Tal besikers: 500.

De muzikanten wiene ferdield oer twa sealen, de 'harkesangkjesseal' en it 'rockhok'. Yn dizze ūnderste seal spylen de mear lūdroftige elektryske groepen, wylst boppe meast solisten oftewol trūbadoers spilen. Dizzen hiene nochal te lijen fan it publyk, dat frijwat leven makke. Ek de elektryske lūdsfersterking woe net alteten om lyk. Sytse van der Werf de learaar śt Wommels dy't de dei iepene (mei in ferske yn it Dokkumers!) hie der net safolle lźst fan, om't it doe noch net sa drok wie. Mar by sjongster Inez Timmer, dy't begelaat waard troch pianist Peter van der Zwaag wie't krekt as diene publyk en lūdsynstallaasje wa't it meeste leven meitsje koe - de ynstallaasje song behoarlik in't rūn. Sadwaande wie it foar Inez tige dreech om der boppe śt te kommen.
Ek Peter Sybenga fan It Dockumer Lokaeltsje, dy't hjir allinne spile, hie swierrichheden mei it lūd. „Het leek wel of ik mijn piano vanuit een spelonk hoorde komen", sei er letter. Syn avantgardistyske cabaret-'act' sloech by de meeste oanwźzigen pas oan doe’t er al ymprovisearjend oan 'De film van Ome Willem' begūn, mar doe wie syn optreden al gau ōfrūn. Doede Bleeker, de Staverse misthoarn. hie syn eigen manear om mei de swierrichheden yn dizze harkesangkjesseal ōf te rekkenjen: de fersterking śt en dan mar raze. Lykwols koe hy der ek net hielendal boppe śt komme. Nei it offisjele program joech er noch in ūnferwacht optreden allinne foar dyjingen dy't tafallich boppe wienen en doe wie't wol rźstich.
Under yn it rockhok, spilen dizze swierrichheden net om't de measte groepen al genōch leven fan harsels makken. By Gysbert fan de Gerdyk wiene it lykwols de rźstige, mear ferstilde momenten dy't de meeste yndruk makken. As Gysbert rock besocht te spyljen klonk it gau te forsearre. Dat foel by Slūge Sibbele's Soan en syn Sipels wol wer ta, al naam dizze gelegenheidsploech śt Nijlān en omkriten it mei de suverens net altiten lik krekt. De Sipels besoargen bekende nūmers fan oaren (ūnder oaren Bruce Springsteen) in nije Fryske tekst, dźr't se de noadige humor by brūkten.
De Stalin Orgels makken djippe yndruk mei harren rūge muzyk, wźryn't de basgitaar gjin tel mist waard. Sjonger Kees de Vries, yn it deistich lebben de goerlens sels, is op de planken in wier poadiumbist dy't de lange hierren wyld hinne en wer slingert en wylst syn teksten - oer Kreidler-brommers en drūge woarsten - yn'e mikrofoan spuit. Strawelte śt de Wālden is wat de muzyk oanbelanget besibbe van de Stalin Orgels, mar se komme noch lang net sa oeirtsjoegjend oer. Se binne lykwols noch net sa lang oan'e gong, dat it kin noch komma. Harren muzyk, dy't hinne en wer giet tusken 'pretpunk' (willepunk?) en 'hardcore’ (hurdekearn?) hat fariaasje genōch.
Bricquebec, ek śt de Wālden, moat it foaral ha fan de teksten, dy't meest fan de hān fan sjonger Jaap Louwes binne. Harren muzyk - brave rock dy't hjir en dźr rukt hat van rhythm and blues en reggae - sit tsjintwurdich hecht genōch yninoar, mar it flammet net echt. Dat wie wol it gefal by Reboelje, de gaadlike ōfsluter fan dizze Frysktalige muzykdei. Harren tige oarspronklike muzyk - mei in wichtige rol foar de akoestyske gitaar - en de teatrale foardracht fan sjonger Marius de Boer diene it goed by it publyk, dat Reboelje pas nei in tal tajeften gean litte woe.

JACOB HAAGSMA

terug naar Aaipop
Deze pagina is bijgewerkt op