Leeuwarder Courant op het web

Dieuke de Vries op 'e plaat
en op 'e planken

De hytste hei is der wat ôf mei de Fryske platemakkerij. In jiermennich ferlyn, doe’t de folk yn Fryslân sa'n bytsje op syn hichtepunt stie, kaam der geregeld wei ris in plaat út fan de ien of de oare sjonger of groep, mar op it stuit is it wat stil oan it platefront. De echte folkbeweging is fansels net sa hecht mear as wol west hat: by in soad muzikanten fan de earste oere is de folk sa stadichoan wat op de eftergrûn rekke en klinkt der in wat eigener lûd. Dat ferklearret lykwols noch net werom't der op 't stuit hast gjin Fryske platen ûtkomme. Dat hat grif mear mei it jild te krijen. Ear't in plaat yn de winkels leit hat de útjower der al tsien tûzend gûne yn stutsen en dat jild komt mar hiel stadich werom, as it al werom komt. Lykwols bliuwt it fansels fan omtrint eltse artyst de grutste dream om him of harsels ea ris op trijeëntritich toeren te hearren. Mar sa't it lân der no yn Fryslân hinne leit is dy kâns ferhipte lyts. Wa't syn dream net in dream bliuwe litte wol, sil der sadwaande sels wat foar dwaan moatte. De sjongeres Dieuke de Vries ut Ljouwert docht dat. Hja sil mei de peaskedagen in plaat opnimme, mar der moat eins noch wat jild by. Dieuke hat goede hope dat dat by it bedriuwslibben weikomme sil. As dat op't lêst de sport sponsort, werom de keunst dan net?

Dieuke har plateplannen binne der al in pear jier. Yn 1983 soe it weze. Plateman Wobbe van Seijen doarde it wol oan. Dieuke sels eins net. It like har ta dat in plaat fan har mei allinnich de gitaar wol wat in meger produkt wurde soe. Hja hie der leaver in band by, mar dy wie der op dat stuit net. Sadwaande gie it oer. Van Seijen stuts syn jild yn in oare plaat en Dieuke besocht in band by elkoar te krijen. Dat slagge ein 1983 op it Tsjochfestifal op Skier en sûnt hat Dieukes Mandelaband geregeld wei optreden en al ymprovisearjende wei besocht ta in eigen lûd te kommen. Wa't witte wol hoe't dat klinkt, kin moarntemiddei om fjouwer oere terjochte yn it theaterkafee Alfred Silbermann yn Ljouwert, dêr't Dieuke en har maten optrede. Dy maten binne Doede Veeman op kontrabas, Bert Dopstra op gitaar en mandoline, Arjen Oosterhout op marimba en slachwurk, René de Vries op piano en accordeon en Wil Jasper op saksefoan en fluit.
Mei de peaskedagen sitte Dieuke en har band op Flylân. De plaat sil der yn it gebou De Bolder op camping Stortemelk foar publyk opnaam wurde. Om dat publyk byelkoar te krijen hat Dieuke trijehûndert freonen en goekunde útnoege om der by te wezen. Foar Dieuke moat dat publyk derby om foar de sfear te soargjen. Faaks hat dat noch wat te krijen mei har folkferline.
Dieuke de Vries hat sels it grutste part fan de ferskes skreaun dy't op de plaat set wurde sille. Twa binne skreaun troch Nel Dijkema-van Calsbeek, de oaren binne fan Dieuke sels en neffens har benammen út eigen ûnderfiningen wei skreaun. It wurdt in plaat mei in ferhaal fynt hja. Yn alle lieten giet it om de iene of de oare relaasje dy't minsken ha kinne. Relaasjes mei oare minsken, mei bern, mei Fryslân of mei de leafste. Nei de ein ta wurde de nûmers wat langer wat erotysker, mar it bliuwt allegear kreas en sfearfol. Lykwols sil eltsenien wol witte wer't Dieuke it oer hat, as se yn it lêste nûmer fan de plaat oer har leave gouden fûgel sjongt dy't stjerren sieddet yn har leafdestún. Dat leste nemer, Myn leave gouden fûgel neffens Dieuke it hichtepunt fan de plaat, is tagelyk ek de titel fan de plaat.
Lykas sein is de sinteraasje noch wat in probleem. Dieuke hat it jild foar de opname, sa'n fjouwer tûzend gûne, al sawat byelkoar. De feriening Tsjoch dy't elts jier it festifal mei deselde namme organisearret, hat sent koart in fûns om opnames te stypjen en der krijt Dieuke trije tuzend gûne út. Der moat dus noch tuzend gûne komme, mar foar in part dêrfan hat Dieuke al in sponsor fûn: in handel yn relaasjepresintsjes ut Ljouwert. Mei de thematyk fan de plaat koe dy der ek min foar wei fansels. Ear't de plaat yn de win¬kel leit moat der lykwols nochris seis tûzend gûne op it kleed komme foar it parsen en de slúf. Dieuke is drok dwaande der noch in pear sponsors foar te finen. Se hat ek al besocht by de provinsje subsydzje te krijen, mar dat rint noch net sa hurd al moat der wol earne in potsje weze. En wa't alhiel wis weze wol dat er in eksemplaar besette kin, kin de plaat no al by Dieuke bestelle en betelje.

terug naar Dieuke de Vries

Deze pagina is bijgewerkt op