Leeuwarder Courant op het web

Seis Jouster orkesten op ien elpee

DE SEIS Jouster muzykorkesten hawwe meiinoar in langspylplaat make. It is in plaat mei tolve sankjes fan De Evergreens, de akkordeonist Gerard Wiersma, Spic en Span, De Stampers, De Keallepoaten en de Vermaningsband. Allegearre hawwe se twa ferskes levere. Sa stiet der under oaren „De Jouster merke” van De Evergreens op, dat spilt wurdt op de wize fan „Je bent mijn Superster.” Gerard Wiersma sjongt „Siebe de Skeuker” en Spic en Span hawwe sa in Fryske fertaling makke fan „Het kleine dorp” en fan „Hendrik Haverkamp” hat it orkest De Stampers „Sleauwe Hindrik” makke. Betingst foar dizze plaat wie nammentlik wol dat it allegearre Fryske sankjes wêze moasten.
It idee foar in gelegenheidsplaat foar alle seis Jouster orkesten is berne doe’t gearstaller Marten ten Boom mei Sjouke Kuindersma, ok fan ‘e Jouwer, ris noflik oan in slokje sieten. Beide mannen wiene optein en de Jouster muzikanten waarden dêrnei foar dit inisiatyf oansocht. Dy wiene ek alle gearre ree om mei te dwaan en net lang dêrnei waard der hurd oan wurke om de langspylplaat „Fryske toppers om ‘e Jouster toer” klear te krijen.


Deze pagina is bijgewerkt op