Leeuwarder Courant op het web

Frysk festival fan KPJ yn Sint Nyk

SINT NYK - De Katholike Plattelnsjongerein to Sint Nyk hldt op sneon 21 desimber yn „De Blokhut" in Frysk festival nder de namme „KPJ-Inn". Fryske amateurgroepen, sjongers en dichters sille fan fjouwer re de middels f foar it fuotljocht komme.

Dielnimmers binne Tsjitske de Boer t Langwar mei Fryske lieten en Ierske ballades, it Blues- en Slachkwartet t Hidaerd (banjo's, pauken, slachwurk, klarinet en hobo), Doede Veeman t Eastermar mei Frysk kabaret, Domien de Winter t Snits mei country- and western-muzyk, Jan Ozinga ut Heech mei Fryske lieten, Tsjebbe Hettinga t Burchwerd mei eigen gedichten, de groep Jarje t Drachten mei Fryske blues- en merkelieten, Bennie Regeling t Balk mei Fryske lieten, the First Frisian Folks and Blues Band t Roardahuzum mei country and western-muzyk en as lste de Blauhster Dakkapel, dy't in oantal suksesnmers bringe sil. Hwa't drnei noch sjonge of spylje wol - lt sil dan sa'n ien re de nachts wze - kriget dan noch gelegenheit.



Deze pagina is bijgewerkt op