Leeuwarder Courant op het web

Tetman en Jarich
komme mei nij e wurklist

Foar famylje, freonen, goekunde en sakerelaesje sil it Selskip Tetman en Jarich op tiisdei 3 july foar it earst by Van Dellen yn Ljouwert syn nije wurklist „Omke Doeke komt ut 'e hoeke" opfiere. Bihalven yn 1950 is it selskip sant it bigjin yn de winter fan 1944 op 1945 elk jier mei in nije wurklist kommen. It jier is lykwols noch nea sa krekt nommen as diskear, hwant forline jier op de tredde july waerd yn deselde seal de première jown fan „Feestfiere is ek in kunst." Dy wurklist hâldt it selskip op it programma mei „De Jonkerspôlle" en „Jier ut jier yn" in bûnt gehiel fan de béste nûmers út alle wurklisten.
Dêrmei kinne de Friezen yn earstoan wol ta. Dat is hwat mei opsetsin delskreaun, omt it selskip him wer hwat mear nei it eigen folk rjochtsje wol. Troch greate tourné's foar it NVV wie it de lêste fiif jier hast sa, dat twatredde fan de opfieringen yn it Hollânsk jown waerden. Ofsjoen fan it geswalk, dat sa'n tourné troch it hiele lân mei him meibringt, wol it selskip him de earste tiid lykwols wer hwat mear yn it Frysk en foar it Fryske folk uterje, omt dat de boarne is, dér't foar de ploech alles út fuortkomt. Dêrom is de tourné foar dit winterskoft ôfsein. Minder wurk sil dat net meibringe, hwant oant desimber ta binne alle jounen al wer biset, wylst der foar neitiid ek al wer gâns yn it boek stiet.
De nije wurklist skaeit hwat de kant fan in „musical" ut, al wordt dy namme der net oan jown. It is in forhael - in stik - yn trije bidriuwen, mei yn elk bidriuw in stik of fiif lietsjes. Puntige lieten, hwant yn it hiele forhael kriget de irony fiks plak. De skiednis spilet him ôf yn en om de âlde herberch „De Trijesprong," dy't in rékreaesjesintrum vuurde sil. Sil, hwant omke Doeke komt op 't lêst frjemd om 'e hoeke.
It programma wurdt ynstudearre Onder lieding fan Lammert Popma, de teksten binne fan Tetman de Vries en Rients Gratama, wylst Kor Huisman foar it toansetten fan de sangen soarge hat. Fansels sit ek hy wer efter de piano, wylst op it toaniel komme de beide bruorren Tetman en Jarich, Gratama, Mine de Vries en Jetske Zijlstra.

terug naar Tetman de Vries

Deze pagina is bijgewerkt op