Leeuwarder Courant op het web

• DIGGELFJOER - Fonkelnij. Brûs/Marista.

Douwe van der Werff en Domien de Winter sieten ea yn Okke Hel, sa'n bytsje de earste popgroep-yn-memmetaal fan u's provinsje. Harren sjonger wie Piter Wilkens, no profesjoneel muzikant en trûbadoer, mar op de lêste Aaipop (dêr't Van der Werff spile mei D'ouwe Rockers) wer mei in rockband. Mar hawar. Van der Werff en De Winter meitsje no en dan ek wer muzyk, as Diggelfjoer. Dizze twadde cd hat mear as sân jier op him wachtsje litten, mar it wie de muoite wurdich. Mei Tom Luchtenburg op de drums ha de mannen in plaat fol deeglike, Frysktalige rock makke, net al te ruch, mar it klinkt goed. De nûmers binne de lange kant it neist, mar se hâlde jin dochs by de les. It is wol dúdlik wêrom as Wilkens doetiids song, want dat is net it grutste talint fan dizze Friezen om utens. Mar 'Fonkelnij' mei bêst in kreaze plaat hite. - J.H.

terug naar Diggelfjoer

Deze pagina is bijgewerkt op