Leeuwarder Courant op het web

Aaipop: batse troch feteranen en nij bloed

Aaipop bat syn eigen folkloare, dat is nel 23 jier en likefolle edysjes wol útkristallisearre. Wichtich ûnderdiel dérfan is dat it publyk mear omtinken hat foar inoar en it glés (of de glézen) bier yn de bannen as foar de lju dy't optrede.

NIJLÂN - Wa't derom tinkt, sjocht sels dat der faak amper in applauske of oare wurdearjende lûden óf kinne.
Dat kin sels de bésten oerkomme. Nim no Piter Wilkens, hjir begelaat troch in ridlik lûdroftige band. Hy bie de foarste rigen wol oan it meisjongen en -springen, dat de sfear siet der wol yn. Mar as it ferske dan wer ôfrûn wie, dan bleau it - no ja, net stil, mar de minsken hiene net yn it sin om it gerus fan harren konversaasje te ûnderbrekken foar wat klapperij.
Dat gerus wie soms ek under it sjongen in nuodlike Paktor foar de artysten. Nim no Souldada, ornaris yn réstiger fermiddens lykas it teater, mar dat hjir dochs kreas steande bleau. Souldada spile yn de ‘Hark & huverseal’ ofte wol de sportseal fan De Mande, juster ornearre foar de wat réstiger farianten fan de Frysktalige pop. De fierstente lytse Harksankjesseal wie no foar de jassen.
Dat betsjutte wol dat de ’trûbadoers’ en oare ienlingen der no net mear oan te pas kamen. Yn dizze seal wie ek de Pogueseftige folk fan Willehúske te hearren, de frisse hits fan Die Twa en de dwaze, dwerse klanken fan Xigatze. Dy band, feteranen yn Aaipop-ferbân, die mâle 'covers' fan Shocking Blue en Talking Heads, soms bystien troch in tal manlju fan it koar It Terpfolk. En dochs runen de minsken der by boskjes by wei.
It is net sa maklik om te sizzen wat foar muzyk de Aaipop-gonger dan wol lije mei, buten de bekende batserij fansels. Déryn waard rom foarsjoen yn de beide tinten, benammen troch Jitiizer, dat dizze rûge, punk-mei-meisjong-effekten-eftige styl better behearsket as de measten. Spitich dus dat ze der nei sa’n tweintich jier en acht Aaipop-optredens mei ophâlde. En moai dat der ek noch jong talint yn dizze sektor is, lykas NNB en Jarretank, earder dy middeis under begelieding fan in echte: jarretank útswaaid yn thúshonk De Westerein.
Mar wat mear, om’t wy ommers net de hiele dei batse kinne? Metal soe kinne: Frysellica, mei sjonger Sipke de Boer, sette nûmers fan Metallica oer, en sa waard ‘Wherever I may roam’ feroare yn ‘Wêr ha ik myn kondoom’. Se hiene der noch in kreas tekstboekje by makke ek.
Folk? Lit dat mar oan de Feetwarmers oer, dy't ek noch in Biltske ynfalshoeke meibringe. En happy hardcore? Nee dochs, soene je sizze, mar dan ha je De Doelleazen noch net heard. Opruierij yn it Frysk, covers fan Die Twa en Strawelte (‘De mem fan Doutzen’), in gastoptreden fan Else van der Greft fan it opbolden Bricquebec; it koe allegearre skoan en it publyk fun it prachtich.
Sa wie der dochs noch in reedlik ferskaat, en in tafier fan jong talint. Dér soarget de organisaasje nammers sels ek foar, troch de ‘Aaipop der op út’-jûnen dêr’t nije bands in plakje op it echte festival fertsjinje kinne. Sa bliuwt pop yn it Frysk wol bestean, oft der no nei harke wurdt of net.

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op