Leeuwarder Courant op het web

Mear as tweintich jier nei
de lp’s ‘Frustraasjebloes’ en
‘Hske’ ferskynt der in nij
skyfke fan Doede Veeman.
Hy bringt de cd ‘It is in spul’
yn eigen behear t en rekket
fuort net op winst. ,,Mar je
ha’t wer ris besocht.’’

FEDDE DIJKSTRA

‘De aldergrutste ramp
dat is de minske sels’

De cd is foar in soad konsuminten yn 2009 net mear de meast foar de hn lizzende ldsdrager. Doede Veeman rekkent dan ek net op kommersjeel sukses mei syn nije skiif ‘It is in spul’, de earste op eigen namme snt ‘Hske’ t 1987. ,,Lit s earlik wze, it is in merk fan niks. Mar it hat foar my ek altyd in soarte fan hobby west, ik haw it noait om it jild dwaan wollen.’’

Ths op Sumarreheide fertelt ferskesjonger Veeman (1943) oer syn nije cd, dy’t snein presintearre wurdt. Hy bringt him yn eigen behear t en hat foarmjouwer Josse Postma ynskeakele, dy’t yn it tekstboekje de titels boartlik werjout yn Scrabbleletters. Muzikaal en technysk hat er him bystean litten troch syn maten fan de band RemoliNo en syn soannen Rimer en Jaitse. Dat joech him wat in fertroud gefoel.

Want earlik sein, op studio’s hat Doede it net sa stean. Dochs hat er trije dagen oan it opnimmen west yn studio Lobbes yn de Grinzer Pein, mei Carel van Leeuwen, Herman Peenstra en Marcel Prins fan RemoliNo. Syn ldste soan Rimer, dy’t ldstechnyk studearre hat en by de dancegroep Le-le sit, fersoarge de technyk. En jongste soan Jaitse, dy’t op de Academie voor Popcultuur sit, hat op drums meidien.

,,Wy begnen earst mei koptelefoans op. Dan kinst mekoar wol hearre. Mar dy koptelefoans ha wy gau oan de kant smiten. En stim foar stim opnimme is ek neat wurdich. Gewoan mei syn fjouweren spylje, dat wurket it alderbste. Rimer moat mar sjen dat er it oppikt.’’

Syn langspylplaten ‘Frustraasjebloes’ (1978) en ‘Hske’ (1987) – mei Jappy van der Leest - binne neitiid op cd tbrocht. Der is noch wolris fraach nei. ,,Mar ek wer net safolle dat Wobbe van Seijen der brea yn sjocht om der nije foarried fan te meitsjen.’’ Der waarden wol wat nije ferskes fan Doede tbrocht yn oar ferbn – op cd’s fan de Rayonhaden de Fjouwer Trbadoers – mar no woed er him dan dochs mar wer ris weagje oan in eigen nije cd.

Muzikaal slacht Doede net in folslein nije koers yn. Hy siket it noch hieltyd yn de sfear fan de folksmuzyk, al sjocht er no wat fierder om him hinne – ek nei Noard- en East-Europa bygelyks. Njonken eigen wizen brkt er ek wol besteande. It grutste part fan de ferskes komt t it programma ‘Wrldfrysk’, dat er mei syn RemoliNo-maten snt 2006 yn ’e sealen bringt. Dryn kombinearje se Fryske lieten en wrldmuzyk.

,,As wy optrede is der mear romte foar ynstrumintale stikken, op de cd is it werombrocht ta de ferskes.’’ Santjin nmers ha in plakje krigen op de cd ‘It is in spul’. Dr binne ek wat ldere en in pear nije nmers by. Ien liet is fierhinne Hollnsktalich. ‘Bart-Jan’, dat geregelde radioharkers wol kenne, giet oer lden dy’t miene dat harren bern mei Hollnsk bettere knsen hat.

‘Twa roeken’ en ‘Sklkelderjankfodde’ hearre by it ldere wurk dat no yn nijesetting opnaam is. Dat jildt ek foar ‘Wat kin s dat deare’, mar drfan is de tekst wat oanpast oan dizze tiid. ‘Lit s mar oaljebaarne, broeikas jaan en al it iis mar rane, dochs neat oan te dwaan, ju.’

Doede Veeman
ek op nije cd
net mijen

In protestsjonger soe Doede Veeman himsels net neame wolle. Maatskippijkritysk hat er wol altyd west. It miljeu, oarloch en frede, strieljagerkabaal, walfiskejacht, nferskilligens – tankbere nderwerpen. Ek op ‘It is in spul’ is er bytiden net mijen. Sa sjongt er yn ‘Rampen’ oer tsnamy’s, ierdferskowings en fulkanen: ‘Mar al hoe grut as dy natoerrampen ek binne, de aldergrutste ramp dat is de minske sels.’ En yn it gefoelige lietsje ‘Lytse poppe’ freget er him f hoe’t de takomst fan in berntsje der tsjen sil: ‘Rekkest yn de ban fan it grutte kapitaal of blaast dysels mei springstof op foar in hillich ideaal?’

,,Nee, in artyst hoecht om my net altyd maatskippijkritysk te wzen. Ik hld ek wol fan artysten dy’t dat hielendal net binne. Sa’n droktemakker as kabaretier Bert Visscher, dat is ek hearlik. En as in lietsjesjonger it allinne oer de leafde hat, dan is dr neat mis mei.’’ By himsels is ek wol plak foar luchtiger wurk en gekjeierij. Lykas in ‘Frivoale tango’ oer Mxima en Willem-Alexander (op in tekst fan Giny Bastiaans), in fleurich ferske oer jeu de boules (‘Ik lit myn ballen dan rlje foar it each fan de froulju’), nammeboarterij yn ‘Gans Anders’, of in ferhaaltsje oer immen dy’t yn syn ik-museum alles fan himsels bewarret, oant en mei fknipte neilen en earsmarsel.

Mar yn de measte teksten hat er wol wat te melden oer hoe’t de wrld derhinne leit. Oft it no tusken de rigels troch is, of mei in feninich kommentaar. Sa sit de artyst Doede Veeman no ienris yn elkoar. ,,Dat sil it skoalmasterige wol wze’’, tinkt er sels. As lddosint wit er ek wol wer te relativearjen. Dr tsjget ek de titel fan de nije cd fan. It is in tspraak fan syn mem, dy’t alle grutte en lytse tastannen yn ’e hs en yn ’e wrld fdwaan koe mei ien konklzje: ,,It is in spul.’’

terug naar Doede Veeman

Deze pagina is bijgewerkt op