Leeuwarder Courant op het web

Troch YouTube yn ’e kunde mei Marlene

Marlene Dietrich (1901-1992), aktrise en sjongeres, wie yn har tiid like kontroversjeel as no Madonna. De jonge sjongeres Tet Rozendal spilet net de rol fan Marlene, mar se sjongt wol har muzyk. Jn is de try-out fan ‘Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich’ yn De Bres yn Ljouwert.

Der is daliks al in protte belangstelling foar dit projekt. Want it is yn ’e moade, ferskes fan ferneamde btenlnske artysten oersette yn it Frysk. Marius de Boer, dy’t Tet op piano en gitaar begeliedt en ek de baas is fan platemaatskippij Marista, kin der oer meiprate.
,,Ik koe it wurk fan Marlene Dietrich eins net’’, seit Tet Rozendal (25), ,,dat hast mei minsken fan myn generaasje. Mar it is snt koart wol in obsesje wurden.’’ En no’t se yn’e kunde kommen is mei it wurk fan dizze Dtske aktrise en sjongeres sjocht se har ynfloed al gauris werom, ek by hjoeddeiske artysten.
,,By Christina Aguilera bygelyks, en benammen by Madonna, dyst ek wol mei sa’n hege hoed en sa’n slipjas sjochst. Dy liet har ferskriklik ynspirearje troch Marlene Dietrich. Se woe sels in film oer har meitsje, mar Marlene woe ’t net ha. Se sei: ik spile wol gauris in slettebak yn myn films, mar do bist der ien.’’
Wy moatte net tinke dat Tet no yn ’e hd fan Marlene krpt, ek al krijt de oanklaaiing fan it poadium, en fan harsels, wol wat fan de glamour fan de jierren tweintich en tritich. ,,Ik sjong dy ferskes op myn eigen wize. Dan fertel ik oer myn eigen earste leafde, bygelyks. Mar oan de oare kant: sa’n ferske as ‘Ich bin von Kopf bis Fuss auf Liebe eingestellt’, dat moatte je wol op in bepaalde manier bringe. No bin ik sels reedlik braaf, mar dan gean ik op syk nei in oare kant fan mysels, om dat del te setten.’’
Se hat oars wol in steapel boeken oer Marlene Dietrich lzen, nder oare dat fan har dochter. ,,Marlene wie altiten tige dwaande mei har eigen imago, se koe harsels hiel goed delsette as in produkt dat ferkocht wurde moast. Wat dat oanbelanget hat se ek in foarbyld west foar Madonna.’’,br> Mar der binne ek skaadkanten oan it karakter fan Marlene Dietrich, dat sjocht Tet ek wol. ,,Sy hold sels altiten de skyn op, wylst t it boek fan har dochter bliken docht dat se ek minne kanten hie. Se koe tige egostysk wze bygelyks, se wie altiten hiel bot mei it oerflak en it uterlik dwaande en se koe hiel dramatysk dwaan.’’
,,Sa bin ik sels net, ik tink wol nei oer hoe’t ik yn it libben stean en hoe’t ik mei oare minsken omgean. Miskien is it wol sa dat in minske in egostyske rotsak wze moat om ferneamd en suksesfol te wurden, mar dat wegerje ik dochs te leauwen. Ik leau wol yn karma: watst tstjoerst krigest ek werom.’’
Tet Rozendal, eins t Feanwlden mar no wenjend yn Ljouwert, wurket al in pear jier as profesjoneel sjongeres. Se hat jierren dnse, op heech nivo: yn 2000 waard se Nederlnsk kampioen jazzballet. Mar in pear jier lyn is se dr mei opholden, ,,Ik wie der op tsjoen, en sjonge gie my ek bst f. Ik ha wylst wol wat fleanoeren makke.’’ Se wurke yn ‘dinner shows’, mar ek wol yn teaterprojekten lykas dy fan de groep Sult. Dr kaam se yn ’e kunde mei Marius de Boer, fan Reboelje, platemaatskippij Marista en syn eigen soloprojekt Mariusz.
Tegearre sochten se nei mooglikheden foar in soloprojekt fan Tet, en fia de website YouTube, grtfol ommers mei alderhanne filmpkes, kamen se op Marlene Dietrich t. ,,Dat is wer it foardiel fan myn generaasje’’, laket Tet. Marius hat in grutte rol yn it gehiel: hy spilet mei yn de foarstelling, neist multi-ynstrumintalist Tseard Nauta, hy sil heechstwierskynlik in dvd fan it programma tbringe en hy hat ek in part fan de teksten oerset. Jurjen van der Meer, nder oaren bekend fan de Piter Wilkens-klassiker ‘Knoopkes’, hat de oare helte dien.
Marlene Dietrich wurke mei de bste komponisten en tekstskriuwers fan har tiid, sawol yn Dtsln as, nei har emigraasje yn 1930, yn Amearika. Dat wie foar Marius ek in nijsgjirrige nderfining. ,,Ik mei my altiten graach ferdjipje yn de opbou fan sokke komposysjes, dr kinst in protte fan leare. Dy Amearikaanske ferskes klinke faak krekt wat bekender als dy ldere Dtske ferskes, dy ha faak hiel oare akkoardekonstruksjes. Tige nijsgjirrich.’’

JACOB HAAGSMA

verder terug naar Tet Rozendal

Deze pagina is bijgewerkt op