De Moanne op internet

Bennie Huisman hat himnoait mei Frysln identifisearre

Bennie Huisman nat in nije bondel tjn en sit 21 jier yn it fak. Hmm, Bennie Huisman. Dy skynt him te bejaan yn ‘e wrld fan de ‘chansons’ en skippersfersen. Ik net. Wa is dy man dy’t my it gefoel jout dat Frysln grut is? Ik sykje him op yn syn hs yn It Hearrenfean, dr, t er sa’n 60 lier lyn ek berne is.

Do sitst nderwilens 25 jier yn it fak, hoe en wr bist begun?
Op de dyk, yn plakken as Drachten, it Fean en Snits. Yn dy tiid moast as strjitmuzikant noch gemeentlike fergunningen oanfreegje. Dat die ik. Ik song covers, mar ek myn eigen muzyk, en ferskes yn it Grunnings, Frysk, Italiaansk en wat net mear. Dat wie it begjin fan myn bestean as sjonger yn dit sjenre. It momint dat ik fan berop ‘lietsjeman’ waard. Dat haw ik in jier of fiif dien, oant ik mei teaterfoarstellings begn.

Fertel…
Fan 1987 oant 1995 haw ik fiif teaterfoarstellings makke en drmei op ‘en paad west. Ik die alles sels, hie om samar te sizzen in lyts bedriuw. Skriuwe, subsydzje-oanfragen dwaan, de finnsjes, de ferkeap, mar ek de technyk, it opbouwen, it riden, en dan fansels it spyljen. Op in foarstellingsdei gie ik om healwei alven de doar ut, boude dan faak mei ien it dekor en de technyk op, dan wiene wy om healwei seizen klear, ieten wat, sminke, dan de foarstelling spylje, fbrekke en dan wiest om in oere of twa wer ths. Dreech wurk, mar geweldich moai. By de premire fan Wibren Altena yn de boppeseal fan Makkum fleagen nder it optreden de stoppen dert. Lokkich hong der in soarte fan krystferljochting yn de seal. En ik wie tafallich krekt klear mei alle ferskes dy't ik op de elektryske piano dwaan soe, foar de rest hie ik de akkordeon nedich, dus ik tocht ik meitsje it sa mar f. Skreau Sietse de Vries de oare deis yn ‘e krante: de elektrisiteit foel ut, mar Huisman wie o sa beret, pakte syn akkordeon en spile gewoan troch. Wy wille, fansels.

Dat wie yn de tiid foar de Arbo, tink?
Ach ja, dy bestie doe hielendal noch net. It wie in yntinsive tiid, mar der wie gench publyk. Ik koe jierliks wol tritich foarstellingen slite. Nei ‘Weemoed en Irony’ haw ik it in stik of wat jierren wat rstiger oan dien, in stik of fjouwer cd’s makke. En doe, yn 2002, kaam der wer in teaterfoarstelling, De Loftfytser. Mar by dy lste produksje fernaam ik dat dr gjin publyk mear foar wie. Der wie in stik ynfrastruktuer ferdwn. Fryske kriten om utens ferdwine of wurde minder aktyf. Yn Frysln sels hiest earder de tkeaporganisaasjes yn de wat gruttere doarpen. Dy binne ien foar ien opdoekt. Minsken geane net mear nei de Schalmei yn Hurdegaryp, se ride leaver troch nei De Harmonie. Minsken geane mear op hypes f, earst wat sjen op tv en dan datselde yn de skouboarch. De parse is ek feroare. Earder hiest de sjoernalisten dy’t sels grutwurden wiene yn ‘e krochten fan ‘e Fryske kultuer, dy't dr alles fan wisten. No komme se fan ‘e oplieding en binne folle mear rjochte op it Westen.

En no hast in nije bondel ut, mei CD. Hs oan See. In moaie bondel. Yn in soad fan de fersen dryn giet it om weromsjen, loslitten...
It twadde part net, dat binne reisfersen, mar it earste wol ja. Ik wurd faak nostalgysk neamd. Mar dat is in misyntepretearjen fan myn aardichheid oan histoarje. Ik identifisearje my folslein net mei it ferline, tink net dat it earder better wie of sa. Faak sit der yn myn lietsjes ek in iroanyske komponint. Yn it twadde diel fan dizze bondel giet it bygelyks oer myn langst nei it Suden. Foar in part is dat in kultivearre literre langst. It tema komt yn de Europeeske literatuer snt 1800 in hiel soad foar en dr bin ik bot troch beynfloede. Mar ik gean net fuort. Yn 'It liet fan de lste reis' skriuw ik: ‘Dat, ik doch earst noch in slachje / Troch it ld -fertroude gea. / Wannear sil ik my weagje achter Wolvegea?’

En de Fryske literatuer?
Persoanlik haw ik my yn de Fryske kultuer altyd in btensteander field. Ik bin gjin keatser, kom net ut in doarpsfermidden. Ik bin it Frysk wol brken gien as taal, mar kin it feitlik net iens myn memmetaal neame. Ik haw my noait identifisearre mei Frysln, kom folle mear ut in klassike, Europeeske kultuer. Ik haw altyd oan it omsneupen west yn gruttere rnten. Dat in persoan as Eeltsje Halbertsma my fassinearret komt net om't de moderne Fryske literatuer sa'n bytsje mei him begun is, mar om't it libben fan dy man, as dichter, my yntrigearret. Dat is it ferskil.

terug naar Bennie Huisman

Deze pagina is bijgewerkt op